Stielslakkeoperaasje Sintrale As úteinset: "Lokale omlieding wie it minst yngripend"

Foar de krystdagen binne de 32.000 ton oan stielslakken bij Dokkum ferdwûn. Provinsje Fryslân en oannimmer Roelofs binne begûn mei de tariedende wurksumheden dêrta.
"De kommende moannen sille wy de slakken út de twa terpen oer de Strobosser Trekfeart hinne fuorthelje", fertelt technysk projektlieder Folkert Reitsma fan de provinsje.
De stielslakkeoperaasje by Dokkum is de lêste oan de N356 tusken Dokkum en Nyegea. "Wêr't wy by de Dwarsloane en De Falom lêst fan hiene wie it reinwetter fan boppe, by dizze konstruksje giet it om wetter fan ûnder. Dat is ek de oanlieding om hjir de hiele stielslakkekonstruksje net yn te pakken, mar kompleet ôf te graven. Dêrnei wurde de terpen mei help fan sân wer opboud, as tradisjonele wegebou."
It komt hiel krekt
De wurksumheden oan de Rondweg Zuidoost, sa as de dyk offisjeel hjit, sille oant en mei heal maart duorje. Dat komt omdat it in frij krekte operaasje wurdt.
"We sille de lagen stielslakken stik foar stik as it ware ôfskrabje, yn plak fan dat wy yn ien kear de kraan deryn sette", fertelt de projektlieder. Dat hat te krijen mei de kompleksiteit fan it bouwurk. Yn de ûnderlagen sit wetter, mar op hokker hichte dat wetter him ophopet, is in kwestje fan ûndersyk yn de praktyk.

De lokale omliedingsrûte is in bewuste kar, befêstiget Reitsma. "Wy hiene der ek foar kieze kinnen om de omlieding fia de westlike Rûnwei te dwaan, mar dy is hjir yn Dokkum al tige drok, foaral yn de spits. Dêrom hawwe wy der foar keazen, yn oerlis mei de gemeente Noardeast-Fryslân, om de parallelwei te brûken. Dat is foar ús net hiel handich, mar úteinliks wol de minst yngripende omlieding."
As alles neffens plan ferrint, binne de stielslakken foar de krystdagen noch fuort. Nei de krystfakânsje wolle se begjinne mei de weropbou fan de twa terpen. De oergong oer de Strobosser Trekfeart soe heal maart wer iepen wêze moatte. "Wy hoopje wat earder, mar dêr is it waar in bepalende faktor yn", beslút de technyske man fan de provinsje.