Provinsje wol stielslakkedokuminten anonimisearje foar publikaasje

Stielslakken weihelje © Ben de Jager, RTV NOF
De provinsje Fryslân hat beswier makke tsjin it iepenbiermeitsjen fan dokuminten oer it brûken fan stielslakken yn de Sintrale As, om't de nammen en funksjes fan amtners dêryn stean soenen.
As dy ynformaasje ôfdutsen wurdt, meie de dokuminten wat de provinsje oanbelanget wol iepenbier makke wurde.
De Inspectie Leefomgeving en Transport (ILT) soe de dokuminten iepenbier meitsje oan RTV NOF. Dy omrop hat in berop dien op de Wet open overheid (WOO) om dokuminten yn hannen te krijen oer it brûken fan stielslakken yn de Sintrale As yn 2014 en 2015.
Op 20 juny wurdt der in harksitting holden oer de kwestje. "Ik ga er vanuit dat de namen worden weggehaald en de stukken daarna gewoon openbaar worden gemaakt", sa seit deputearre Avine Fokkens.