Undersiker: ‘Oerheid moat mear dwaan tsjin katten op rôverspaad’

In byld út de jierlikse kampanje om katten binnen te hâlden yn de maitiid
In byld út de jierlikse kampanje om katten binnen te hâlden yn de maitiid © Poes in de mand
Net allinnich de baaskes, mar ek de oerheid moat wat dwaan oan katten op rôverspaad yn greidefûgellân. Dat fynt ûndersiker Esther Swankhuisen fan Rijksuniversiteit Groningen.
Swankhuisen hat yn Grinslân en by de buorskip Soarremoarre by Nes-Akkrum ûndersyk dien nei de ynfloed fan katten op briedende greidefûgels dêr.

Katten en pykjes mei stjoerders

Dêrfoar binne ferline jier yn 'e maitiid 13 katten mei in GPS-stjoerder folge yn it Fryske greidefûgelgebiet. Mar ek piken krigen in stjoerderke.
Dêrby is fêsteld dat benammen de wat wyldere katten - dy't minder ôfhinklik binne fan minsken - yn grutte parten fan it greidefûgelgebiet aktyf binne en dêr piken en aaien opfrette.
It ûndersyk wurdt mei betelle troch it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit. By Soarremoarre is ek mei wyldkamera's wurke. Op de bylden wiene folle mear rôfbisten te sjen as allinnich katten.
Esther Swankshuisen fan Rijksuniversiteit Groningen
Esther Swankhuisen fan Rijksuniversiteit Groningen © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Swankhuisen: "Het is goed om te bedenken dat alles wat die katten aanrichten, bovenop hetgeen komt wat de natuurlijke roofdieren al in het gebied aanrichten. De predatiedruk op die weidevogels is best wel hoog."

'Regeljouwing sjit tekoart'

Dêr is wol wat oan te dwaan, seit Swankhuisen. "Mensen kunnen hun kat binnenhouden, 's nachts of tijdens het broedseizoen. Dat is een eerste stap. In Fryslân worden katten geschoten, wat ook een maatregel is om minder katten te hebben."
Yn Fryslân meie swalkkatten noch ôfsketten wurde om greidefûgels te beskermjen. Dat is opnaam yn it Faunabehearplan fan de provinsje, ek al hawwe ferskate partijen dêr krityk op.
Der binne dus mooglikheden. "Maar qua wet- en regelgeving is er nog heel weinig", fynt Swankhuisen. "Dus dit onderzoek is hard nodig om aan te tonen dat we hier beleid voor moeten maken."