Dier&Recht wol ein oan ôfsjitten swalkkatten yn Fryslân, provinsje prakkesearret der net oer

Jager Titus Sijmonsma yn aksje © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Fryslân sjit as iennige provinsje yn Nederlân noch swalkkatten ôf en dat moat ophâlde, fynt de stichting Dier&Recht: "Het is onnodig en wreed." Neffens de provinsje Fryslân is it nedich om de katten dea te meitsjen om greidefûgels te beskermjen.
Yn 2021 binne yn Fryslân 250 ferwyldere katten deasketten, it jier dêrfoar gie it om 450 bisten. Neffens de Dier&Recht binne der genôch alternativen. "Dat gebeurt ook in alle andere provincies. Er worden diervriendelijke methodes gebruikt: katten worden gevangen, gecastreerd, gechipt en vervolgens teruggeplaatst op boerderijen, maneges en tuinderijen", seit Kelly Kessen fan Dier&Recht.
"Daar helpen ze om muizen en ratten te bestrijden. Een deel eindigt bij gewone huishoudens. Veel katten zijn jong en prima te socialiseren."
Ferset tsjin ôfsjitten swalkkat
It ôfsjitten fan swalkkatten stiet yn it Faunabehearplan dat hast twa jier lyn troch de polityk oannommen is. Dat sil ek net feroarje, seit deputearre Klaas Fokkinga. "It is wichtich dat we de ferwyldere katten ôfsjitte om de greidefûgels te beskermjen."
Bestjoerslid fan de Bond van Friese Vogelwachten (BFVW) en jager Titus Sijmonsma is it dêrmei iens. "It binne rôvers yn it fjild. Lustmoardners: as se ien kear begjinne, hâlde se net op."
Kessen seit dat Fryslân him basearret op efterhelle wetjouwing, "De vogelstand is de afgelopen decennia zeker flink achteruitgegaan, maar zwerfkatten hebben daar niks mee te maken." Se is in petysje start tsjin de hannelswize fan de provinsje, dy't yntusken mear as 9.500 kear tekene is.