Omrop Fryslân

Hast fjirtich ferwyldere katten minder op Skiermûntseach troch fangaksje

Wethâlder Erik Gerbrands iepent de kattenoanpak op Skiermûntseach
© Omrop Fryslân
Op Skiermûntseach binne mei help fan Stichting Zwerfkatten Nederland it ôfrûne jier 37 ferwyldere katten fongen en nei it fêstelân ta brocht. Ein 2023 ferwachtet Carien Radstake fan de stichting dat se de fangaksje ôfslute kinne.
Der sitte hiel wat oeren yn de aksje mar de stichting is tefreden oer it resultaat.
Omdat de katten jonge fûgels en kninen opfrette, wurde se sjoen as in probleem. Se sitte de natuer op Skiermûntseach, in nasjonaal park, yn it paad. Foar de katten sels is Skiermûntseach ek net altyd in geskikt eilân, omdat it dreech is om yn it iepen lânskip oan iten te kommen en beskutting te finen.
Dêrom is Stichting Zwerfkatten Nederland ynskeakele om it probleem op te lossen. Se hawwe ynset op it fangen fan de bisten mei lokfretten yn spesjale koaien. Dat docht de stichting net foar it earst: earder hawwe se dizze metoade tapast op Teksel, dêr't 37 katten fan it eilân ôfhelle binne.

Fan katten nei rotten

By it fangen fan de katten fan it eilân lykje se lykwols mear lêst te krijen fan rotten, dy't dat lokfretten opfrette, mar net fongen wurde yn de koai. Dy binne sa tûk dat se wer út de koai komme kinne. "Ik ben best wel benieuwd wat er met de ratten op het eiland gaat gebeuren", seit Radstake. De ferwyldere katten sitte dan de natuer op it eilân yn it paad, mar it binne wol rottebestriders en in grutte tanimming yn rotten is ek net goed foar de natuer en de fûgels.
Mei de katten dy't fan it eilân ôfgeane, giet it oer it algemien min. Se hawwe hast allegearre lêst fan longwjirms. By in katte-opfang wurde se wer oplape en sterilisearre of kastrearre, mar dy minne kondysje soarge benammen yn de earste pear moannen fan de fangaksje wol foar problemen.
By de bestriding lieten de longwjirms safolle gif los dat guon katten dat net oerlibben. Dêrneist binne der katten deagien doe't se ûnder narkoaze brocht waarden. Radstake tinkt dat likernôch in tredde part fan de katten it úteinlik net oerlibbe hat. "De rest gaat naar boerderijen waar ze als muizenvangers worden ingezet."

Húskatten

De measte húskatten op it eilân binne begjin jannewaris chipt foar de fangaksje. Mei dy chip kin de húskat ûnderskieden wurde fan in ferwyldere kat, mocht dy by fersin fongen wurde.
Yn totaal binne fjouwer húskatten fongen, en dêrfan is ien kat trije kear fongen. Yn oerlis mei de eigener hat dy kat in oar baaske oan it fêstelân krigen, om't er in soad yn de kwetsbere natuer omswalke. Ien kear fongen se in kat dy't in stjoerderke hie fan in earder ûndersyk út 2014.
Húskatten binne yn jannewaris chipt op it eilân yn ferbân mei de fangaksje.
© Omrop Fryslân/Remco de Vries
"In theorie zouden er nog zo'n tien tot twintig moeten zijn", seit Radstake oer de ferwyldere katten op Skiermûntseach. Der wurdt goed byhâlden hoefolle katten wêr sjoen wurde.
It fangen is no foarearst stopset, mar begjint takom jier wer. Yn de maitiid moat bliken dwaan oft it fangen fan de katten ek fertuten docht foar de briedfûgels op Skiermûntseach.
Carien Radstake fan Stichting Zwerfkatten Nederland

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.