Fûgelwacht Skiermûntseach bliid dat oanpak ferwyldere katten begjint

Yn de oanrin nei it fangen fan de fyftich ferwyldere katten op Skiermûntseach krije húskatten dizze dagen in chip. Sa wurdt foarkaam dat se net mei de swalkkatten fan it eilân ôf ferhúzje.
"Wy ha fjouwer jier dwaande west om it foar elkoar te krijen":
Minsken koene ek harren katten sterilisearje of kastrearrje litte om foar te kommen dat it probleem opnij ûntstiet. Ien en oar wurdt dien troch de stichting Zwerfkatten Nederland dy't mei in spesjale bus mei in bistedokter op it eilân is.
Benammen de pleatslike fûgelwacht hat hjir hiel lang nei talibbe, om't de swalkkatten in soad jonge fûgels en kninen frette. Der wurde sa'n fjirtich húskatten chipt en in folle lytser oantal wurdt op it oare wize holpen. By in soad húskatten is dat ek al earder dien.
In kat op Skiermûntseach krijt in chip © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Oars as op oare Fryske Waadeilannen kinne op Skiermûntseach gjin katten ôfsketten wurde. Se wurde no fan it eilân ôfhelle en krije in plak dêr't se de natuer net mear yn it paad sitte. Deselde oanpak wurdt ek tapast op Teksel.

"Hartstikke bliid"

Eins soenen se op Skiermûntseach al earder los as op Teksel, fertelt foarsitter Andries van Guldener fan de fûgelwacht: "Wy binne harstikke bliid dat dit projekt opstart is, want wy binne der al hiel lang mei dwaande. Wy ha fjouwer jier dwaande west om it foar elkoar te krijen mei de gemeente en it Nasjonaal Park."
Wethâlder Erik Gerbrands iepenet de katte-oanpak op Skiermûntseach © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De ynfloed fan de ferwyldere katten op de natuer is grut. As ien kat twa kear deis wat fangt en dat 365 dagen lang kear fyftich dan komme je op hiele grutte oantallen. "Dat moatt net en dat wolle wy hjir ek net", seit Van Guldener. "It is ek net sûn dat soks gebeurt, want it is in oanslach op de natuer."
Yn de mobile wurkpleats fan de stichting Zwerfkatten wurde de earste katten chipt. En dat giet hiel flot. In sterilisaasje nimt folle mear tiid, want der moat echt operearre wurde. Yn in loads leit der al in grut tal fangkoaien klear.

Mei tonyn kat lokje

"Dat zijn diervriendelijke kastvallen die we gaan gebruiken. We leggen een spoortje van bij voorkeur vis in de vangkooien. En dan aan het eind van de trapplaat, achter de trapplaat zetten we een voerbakje met veel tonijn erin."
"Die kat houdt van tonijn en stapt dus de vangkooi in. Denkt bij het spoortje van 'dit smaakt naar meer', loopt door en stapt op de trapplaat en dan valt de kastval dicht", leit Carien Radstake út fan de stichting Zwerfkatten Nederland.