Omrop Fryslân

Definsje wol mear romte om te oefenjen, wat betsjut dat foar Fryslân?

In pantserhouwitser fan Definsje wurdt test
© Omrop Fryslân
Definsje wol mear romte en middels om te oefenjen, om úteinlik better reagearje te kinnen op tanimmende spanningen yn Europa. Mar wat betsjut dat foar Fryslân? Krije de fleanbasis Ljouwert en de oefenterreinen op Flylân en yn it Lauwersmargebiet in promininter plak?
De fleanbasis yn Ljouwert spilet in wichtige rol binnen de Nederlânske loftmacht. De basis leit ticht by in oefengebiet en is fan grut belang by ynternasjonale oefeningen. It ôfrûne jier wienen bygelyks acht tastellen fan de fleanbasis detasjearre yn Polen, om nei it útbrekken fan de oarloch tusken Ruslân en Oekraïne tafersjoch te hâlden op it NAVO-loftrom.
Der binne mear plannen foar Fryslân. Sjoch hjirûnder wat de nota 'Ruimte voor Defensie' betsjut foar Fryslân:
Wat wol Definsje mei de lokaasjes yn Fryslân?
No't de feilichheidssituaasje yn de wrâld hieltyd minder wurdt, tinkt Definsje nei oer it útwreidzjen fan kazernes, bases en oefenterreinen. Der moat mear en better oefene wurde, ek yn eigen lân. Nederlân moat sa better taret wêze op in mooglik konflikt.
Yn Ljouwert soe de twadde start- en lâningsbaan útwreide wurde moatte. Ek âld-lânmachtkommandant Hans Damen fynt dat Definsje mear romte krije moat, mar neffens him hoecht dat net perfoarst by de basis yn Ljouwert te wêzen.
Hans Damen, âld-brigadegeneraal
© Omrop Fryslân
"Vooropgesteld, ik begrijp de plannen van Defensie, maar er zijn meer opties dan Leeuwarden. Lelystad, waar nu een vliegveld ligt dat niet gebruikt wordt, ligt wat mij betreft meer voor de hand", seit Damen.
Omwenners fan de Ljouwerter fleanbasis binne der net gerêst op. Sy binne benaud foar ekstra oerlêst. Dat soarge koartlyn al foar protesten. Bewenners fan de Ljouwerter wyk Bilgaard en omlizzende doarpen ha koartlyn harren soargen utere op ynformaasjegearkomsten.
Damen hat begryp foar de protesten, mar beklammet dat Definsje mear romte krije moat: "Ik vind dat ze eerder ondervragen dan overvragen."
Zeker in een oorlog is tweede worden natuurlijk helemaal niet goed.
Ald-lânmachtkommandant Hans Damen
Damen makket de fergeliking mei in topsporter: "Kjeld Nuis werd afgelopen weekend kampioen. Er is niemand die tegen hem zegt dat hij met minder training ook wel had gewonnen. Zeker in een oorlog is tweede worden natuurlijk helemaal niet goed."
Dat de fraach no sa grut is hat te krijen mei alle besunigings nei de fal fan de muorre yn 1989. "Nu is de veiligheidssituatie zodanig anders dat er echt ruimte nodig is om te oefenen."

Utwreiding Ljouwert logysk

Dat jildt neffens him ek foar Fryslân: "Bij Leeuwarden ligt al een vliegbasis. Het is logisch dat er gekeken wordt naar uitbreiding. Dat legt wel extra druk op de provincie."
De Rânestêd bliuwt lykwols bûten skot: "Wat je ziet is dat historisch gezien oefenterreinen buiten de Randstad liggen. Dat betekent dat de druk daarbuiten groter is en ook groter kan worden."
Hans Damen wurke 40 jier by de lânmacht, ûnder oare as logistyk ekspert. Hy fynt dat de fraach nei ekstra romte reëel is. "Je wilt zo goed mogelijk getraind zijn. Zo goed dat het afschrikt en er geen oorlog komt."
Dochs tinkt Damen dat útwreiding fan Ljouwert wolris dreech wurde kin: "De omwonenden zijn al zwaar belast en krijgen er dan nog meer bij. De alternatieven voor de luchtmacht liggen allemaal in Brabant: Woensdrecht, Gilze Rijen, Eindhoven en De Peel. Hoeveel druk legt dat daar op de omgeving?"

Lelystêd

Neffens Damen leit ien fan de oplossings yn Lelystêd. "Er ligt al een vliegveld." It probleem is lykwols dat der yn dyselde provinsje ek al sjoen wurdt nei lokaasjes foar de lânmacht.
In F-35
© Lennard Jan Geerts
De oare plannen smite ek wjerstân op, bygelyks de útwreiding fan it oefenterrein Vliehors op Flylân. Definsje wol dêr in gruttere feilichheidssône meitsje, lykas op de Ofslútdyk.
Flylân is in opsje om't se dêr ek sjitte wolle mei Apache gefjochtshelikopters en mei drones. Logysk, fynt Damen: "Op de Vliehors kunnen bommen gegooid worden. Daar is nu meer behoefte aan."
Der wurdt ek tocht oer in munysjeopslach by De Lemmer. "Defensie kijkt naar waar ze grote bunkers kunnen bouwen met daaromheen een goede veiligheidszone. Als ze met die locatie komen dan is dat eentje die aan die wensen voldoet."

Past it wol?

De fraach is oft alles wol kin yn Nederlân. "Die vraag geldt nu zo'n beetje voor alles", seit Damen. "Als het gaat om stikstof, de komst van een asielzoekerscentrum, er is altijd wel iemand op tegen."
Damen hat wol begryp foar tsjinstanners: "Veiligheid is alleen wel een collectief goed. De vraag die ook beantwoord moet worden is wat wij als samenleving bereid zijn te accepteren om ervoor te zorgen dat we veilig zijn."
De winskelist mei dan grut wêze, maklik te realisearjen is it net, seit Damen: "Er moet gigantisch veel gebeuren. Ze zijn zeker vijf tot zeven jaar bezig."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.