Plan foar útwreiding fleanbasis ropt breed ferset op: "Tsjin alle ôfspraken yn"

In F-35
In F-35 © ANP
Omwenners fan de Ljouwerter fleanbasis meitsje har soargen oer plannen fan Definsje om mear grûn op te keapjen en yntinsiver te oefenjen. De plannen kinne grutte konsekwinsjes ha foar Fryslân.
Under de titel 'Nationaal Programma Ruimte voor Defensie' wurde alle plannen út de doeken dien. Om't de feilichheidssituaasje yn de wrâld hieltyd minder wurdt, hat Definsje nei eigen sizzen mear romte nedich foar bygelyks kazernes en oefengebieten.
Sa moat grûn oankocht wurde om de fleanbasis yn Ljouwert út te wreidzjen en moat de koartste baan ferlinge wurde. Fierder wol Definsje yn de Marnewaard oefenje mei swierdere eksplosiven en moatte Apache-gefjochtshelikopters en drones sjitoefeningen dwaan kinne op De Vliehors op Flylân.

Plannen foar Fryslân

Dêrneist wurdt ek sjoen oft der yn Fryslân in munysjeopslach komme kin. Dêrfoar wurdt tocht oan De Lemmer. Tagelyk moat de kazerne op It Hearrenfean útwreide wurde en moat der mear tiid en romte komme om sjitoefeningen te dwaan op de Ofslútdyk.
Breed ferset tsjin mooglike útwreiding fleanbasis: "Tsjin alle ôfspraken yn"
Yn de doarpen en wenwiken om de fleanbasis Ljouwert hinne stean se fuort op skerp. "Ja, it binne allinnich noch mar plannen, mar je moatte der no by wêze", sa seit Geert Verf fan doarpsbelang Marsum.
Verf: "Der binne fjouwer plannen foar de útwreiding fan fleanbewegingen yn Nederlân, It updaten fan Ljouwert is dêr ien fan. Dat is miskien wol de meast maklike, dus we moatte net samar tinke dat se it net dogge. We moatte no al in sterke stim hearre litte."
Sy komme al gau mei in meter beswierskriften en as wy dan mar mei trije sintimeter oansetten komme, wit ik wol hoe't it útpakt
Geert Verf, foarsitter doarpsbelang Marsum
Neffens Verf moatte de Fryske doarpen no al yn aksje komme om't se ek yn oare parten fan ús lân net stilsitte. Bygelyks yn Brabân, dêr't Definsje in soad kazernes, oefengebieten en fleanbases hat, groeit it ferset tsjin de plannen ek.
"Sy komme al gau mei in meter beswierskriften en as wy dan mar mei trije sintimeter oansetten komme, wit ik wol hoe't it útpakt", seit Verf.
Verf en fertsjintwurdigers fan doarpsbelangen yn de omkriten fan de basis roppe minsken dan ek op om beswier oan te tekenjen tsjin de foarnommen plannen.
De lûdsône no en mooglik yn de takomst om de fleanbasis hinne
De lûdsône no en mooglik yn de takomst om de fleanbasis hinne © Omrop Fryslân
Dy oprop klinkt ek yn de Ljouwerter wyk Bilgaard. It wykpanel dêr organisearret tongersdeitejûn in ynformaasjegearkomste. "Er zijn veel zorgen in de wijk", seit ponghâlder Alexander Coombs. "Er zijn veel mensen die al informatie vragen en zorgen hebben over de plannen die op stapel staan."
It is benammen it lûd dêr't de minsken har soargen om meitsje, seit foarsitter Jan Hilverda. "As se gebrûk meitsje fan dy koarte baan, dan keare se de kont nei de wyk ta. Dat lûd bliuwt dan hingjen tusken de flats hjir en wurdt sa fersterke."
Jan Hilverda, foarsitter wykpanel Bilgaard.
Jan Hilverda, foarsitter wykpanel Bilgaard © Omrop Fryslân
Utwreiding fan de baan kin ek as konsekwinsje ha dat der opnij sjoen wurde moat nei de lûdskontoeren fan de fleanbasis. Dêryn is fêstlein hoefolle lûdsoerlêst der wêze mei.
"Al sûnt 1982 wurdt kear op kear tasein dat dy net feroarje", seit Verf. "By de oanskaf fan de F-35 hat minister Hennis dat ek nochris dúdlik makke oan de Twadde Keamer."

Unbesteanber

It is foar Verf ûnbesteanber dat de plannen fan Definsje trochset wurde. "Dat is tsjin alle ôfspraken yn. Krekt no't we goed oerlis ha mei de fleanbasis en ek echt wat berikke."
Natuerorganisaasjes dy't aktyf binne yn it Waadgebiet meitsje har ek grutte soargen oer de ympakt dy't de plannen ha kinne. Yn oparbeidzjen mei-inoar tsjinje sy in sjenswize yn mei harren beswieren tsjin útwreiding fan de aktiviteiten.
De provinsje hat al in sjenswize yntsjinne. Sy roppe Definsje op goed rekken te hâlden mei de gefolgen foar de natuer en om de ôfspraken oer lûdshinder by de fleanbasis Ljouwert te respektearjen.
Dêrneist wurdt frege om foar de mooglike oanlis fan in munysjedepot by De Lemmer yn petear te gean mei de projektorganisaasje fan de Lelyline. Dat soe fan ynfloed wêze kinne op de traseekar fan de spoarline.
Yn Bilgaard litte se har net faak hearre as it om de fleanbasis giet. It is in wyk dêr't in soad definsjepersoniel wennet. Mar no wurdt it tiid in stim hearre te litten, seit Hilverda: "As we no neat dogge, witte we ek neat. Wy moatte no meigean en sizze dat minsken in sjenswize yntsjinje moatte."
fleanbasis ljouwert f-35
In F-35 boppe de fleanbasis yn Ljouwert © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Hilverda wurke yn it ferline sels ek op de basis. "De koarte baan wie bedoeld foar kalamiteiten. As de gewoane baan troch ûngelokken net brûkber is, kinne se koarte brûke om de oare tastellen dochs lânje te litten. Dat moat net oars."
Op de ynformaasjegearkomste yn it wykgebou wol hy de minsken dan ek ynformearje oer wat der mooglik op priemmen stiet. Ek krije de oanwêzigen tekst en útlis oer hoe't se in sjenswize yntsjinje kinne tsjin de plannen.