Relaasje omwenners en Ljouwerter fleanbasis is better wurden: "Fan diskusje nei dialooch"

© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Se komme út ferskate wiken fan Ljouwert, mar ek út doarpen as Jelsum, Koarnjum en Ingelum. Minsken dy't op deistige basis te krijen ha mei de fleanbasis, binne dêr moandei útnûge.
De fleanbasis ferwolkommet út alle omlizzende doarpen fjirtich ynwenners. Sy krije allerhande ynformaasje oer de loftmacht en oer de oefening Frisian Flag, dy't noch oant en mei freed holden wurdt.
De gasten waarden moandeitemoarn mei in bus ophelle by de Alvestêdehal yn Ljouwert. Dy bringt de groep nei in spesjale VIP-tinte op de fleanbasis.
Relaasje omwenners en Ljouwerter fleanbasis is better wurden
Ien fan de oanwêzigen is Douwe Hoekstra út Jelsum. "It binne myn buorlju, dus je moatte der út en troch wolris troch de doar sjen, no", sa fertelt hy.

"Folle mear leven"

Wêr't Hoekstra no krekt benijd nei is? "Gewoan de algemiene presintaasje. Oer it fleanen fansels, mar ek oer it leven. Dêr hawwe wy fansels mei te krijen. Dizze oefening jout folle mear leven."
De VIP-tinte © Omrop Fryslân, Remco de Vries
"Ik fyn it moai dat de basis ús útnûge hat", seit Geert Verf fan doarpsbelang Marsum. "Wy ha der fansels in soad lûd fan, dat is net neat. Dan is it wol moai dat minsken ek de oare kant fan it ferhaal hearre."

Grut ferskil

Neffens Verf is der in grut ferskil tusken de ferhâldingen fan no en dy fan tsien jier lyn, tusken omwenners en de fleanbasis. "Doe wie it noch: wy heule net mei de fijân, dêr gean wy net hinne. No ha sels de meast krityske Marsumers sein: wy komme. It is fan diskusje nei dialooch gien."
Frisian Flag is in grutte ynternasjonale loftmachtoefening, dy't fan 2 oant en mei 13 oktober by Ljouwert holden wurdt. It giet om tastellen út sân ferskillende lannen. Net alle dielnimmers komme nei Ljouwert ta: sa fleane de Deenske F-16's fan har thúsbasis ôf en sette de Britten in fleandekskip yn dat op de Noardsee leit.
Dat der yn de omjouwing mear begryp is foar de fleanbasis en foar lûdsoerlêst, kin te krijen ha mei de oarloch yn Oekraïne en de ynternasjonale ûntwikkelingen, neffens guon oanwêzigen. Mar dat soarget der net foar dat it leven minder wurdt.
"Wy wurde eltse dei konfrontearre mei de fleanbasis", seit besiker Menno Kuperus. "It mei om ús wol wat rêstiger miskien." Wêrom't hy moandei oanwêzich is? "Wy binne gewoan benijd, bygelyks nei de F-35. Wêrom't ik dêr fasinearre troch bin? Allinne al troch it leven, dus ik wol 'm sjen."