F-35's werom yn Ljouwert: feest foar fleantúchspotters, minder noflik foar Marsum

Fleantuchspotters by Marsum © Omrop Fryslân
De F-35's fan de fleanbasis Ljouwert binne werom. Alve fan de fyftjin fleantugen koene in heal jier net op de basis terjochte om't beide start- en lâningsbanen renovearre wurde moasten.
Fleantúchspotters stienen al betiid op de freedtemoarn op de Spottersbult te wachtsjen op de tastellen. De F-35's moasten út Volkel weromkomme. It doel wie dat se om 13.22 oere oanfleanen komme soenen. In symboalysk tiidstip, ferwizend nei 322 Squadron.
Er is niks moois aan een F-35.
Spotter Harry Doesburg
Mar dat kaam oars. Troch tongerbuien yn Volkel koene de fleantugen pas letter fan de grûn komme.
Harry Doesburg fan Aviation Group Leeuwarden en ien fan de spotters koe syn gelok net op dat de F-35's weromkamen. "Er is niks moois aan een F-35, er zijn veel andere vliegtuigen die mooier zijn. Maar wij verwelkomen onze jongens weer terug op vliegbasis Leeuwarden, dat het hier weer losgaat, dat we onze hobby weer kunnen uitoefenen."
F-35's werom yn Ljouwert: feest foar fleantúchspotters, minder noflik foar Marsum
Yn Marsum fûnen de ynwenners it lykwols minder slim dat de fleantugen in pear moannen fuort wienen. "It is hjir rêstich op it stuit, mar de hel sil wol wer losbrekke tink, ynkoarten", seit Ineke Hogenhuis. "Mar as je yn Marsum wenje, dan heart it derby hè."
Ynwenners jouwe oan mear lêst te hawwen fan de F-35's as fan de F-16's. Dat fernaam ek Jan de Leeuw fan it túnsintrum yn it doarp. "Ik heb vorig jaar sinds de F-35 wel oorkleppen aangeschaft, die had ik met de F-16's nooit nodig. Het is best wel oorverdovend soms."
Sa giet Ineke Hogenhuis daliks wer om mei de lûdsoerlêst yn Marsum © Omrop Fryslân
Meiwurkers fan it túnsintrum wurkje benammen bûten, dan kin de oerkomst fan de fleantugen wolris lestich wêze. "Als je net een echtpaar hebt waar je wat planten mee moet uitzoeken, en er komen binnen een halfuur een stuk of 7, 8 van die dingen over, dan kun je even niet communiceren."

Yn petear mei de fleanbasis

De doarpen yn de omkriten fan de fleanbasis binne yn petear mei de fleanbasis. Dy lit ûndersykje oft der mooglikheden binne it lûd te beheinen troch op in oare wize te fleanen.
Jan de Leeuw fan it túnsintrum yn Marsum © Omrop Fryslân
Geert Verf praat út namme fan doarpsbelang Marsum dêroer mei. "It moaie is dat de basiskommandant frege hat oan alle doarpen yn de omjouwing: wat moatte wy ûndersykje, wêr sit neffens jimme winst yn?"

Undersyk

Dêr binne 33 ferbettersuggestjes útkaam. Wol jout Verf in winstwarskôging. "De F-35 jout in soad lûd, dy bliuwt in soad lûd jaan. Mar it giet ús derom om de skerpe kanten derfan ôf te heljen."
Op 13 septimber binne de doarpen yn de omjouwing troch de basis útnûge fierder te praten oer befiningen fan it ûndersyk. Dat ûndersyk fan trije jier is no ûngefear op de helte.
Fan moandei ôf is it plan dat fjouwer oant seis F-35's twa kear deis fleane sille. Begjin oktober stiet de grutte ynternasjonale oefenoperaasje Frisian Flag op it programma.