Frisian Flag set hjoed útein: moarns en middeis oefeningen boppe Fryslân

© Klaas Koopmans
De grutte ynternasjonale loftmachtoefening Frisian Flag stiet op it punt fan begjinnen. Fan 2 oant en mei 13 oktober fleane 35 fleantugen twa kear deis in misje.
Der wurdt twa kear deis flein. Moarns begjint it fleanprogramma om 9.30 en dat duorret in oere. Middeis geane de fleantugen de loft yn fan 13.30 oant 14.30. Jûns wurdt net flein.
Gewoanwei wurdt Frisian Flag yn it foarjier organisearre. Dat wie dit jier net mooglik, om't beide start- en lâningsbanen derút leinen yn ferbân mei renovaasje.
It giet om tastellen út sân ferskillende lannen. Net alle dielnimmers komme nei Ljouwert ta: sa fleane de Deenske F-16's fan har thúsbasis ôf en sette de Britten in fleandekskip yn dat op de Noardsee leit. In radarfleantúch docht mei fan de Frânske thúsbasis ôf.

Oerlêst

"Er zijn inderdaad minder toestellen hier in Leeuwarden", seit oefenlieder majoor Marcel Burgers. "Dat scheelt altijd iets voor de geluidshinder. Maar goed, geluid wordt er sowieso geproduceerd en we proberen dat zoveel mogelijk te beperken voor de omgeving."
Fjouwer Nederlânske F-35's by Frisian Flag fan foarich jier © ANP
Foar de dielnimmers sels is it spitich dat guon fan in oare basis ôf operearje. "De kracht van zo'n oefening is juist dat je van elkaar leert. Het gaat dus vooral om de debriefing. Daarom doen we dat nu via een videoverbinding."

Ek boppe lân

It oefengebiet sit benammen boppe de Noardsee. Yn de twadde wike wurdt dat gebiet útwreide boppe lân. It giet dan om de provinsjes Fryslân en Grinslân en parten fan Noard-Hollân, Drinte en Oerisel. Dat wie oare kearen net sa. It is wol needsaaklik, seit Burgers. "We kunnen dan beter oefenen met de F-35's."

Parkearjen

It parkearjen foar spotters (minsken dy't de fleantugen fotografearje) oan de Marsumer kant fan de basis giet dizze kear oars. Gewoanwei kinne je de auto kwyt yn in stik lân njonken de dyk by de spottersbulte by Marsum. Dit jier is dat lykwols net mooglik. De dyk nei de bulte ta is ôfsletten foar ferkear en ek it lân is te wiet om dêr auto's te pleatsen.
Spotters by Frisian Flag 2022 © ANP
Yn oerlis mei de gemeenten en de provinsje is besletten dat auto's lâns de dyk fan Marsum nei Ingelum stean meie. Parkearje op it fytspaad is ferbean. Ek wurdt mei klam frege de auto net yn Marsum del te setten, om dêr oerlêst foar te kommen.
Oan de Jelsumer kant fan de basis jildt dat auto's oan de kant fan de paralleldyk stean meie. Ek dêr moat romte oerbliuwe foar fytsers en wurdt warskôge goed rekken te hâlden mei it ferkear op de provinsjale dyk.
De ferkearsmaatregelen yn de wiken fan Frisian Flag © Defensie.nl