Yn striid om nij personiel set Ljouwerter Fleanbasis de poarte iepen

De ferkearstoer fan de Fleanbasis Ljouwert © Defensie.nl
Yn tiden fan personielskrapte moatte bedriuwen en ynstellingen nije wizen brûke om minsken binnen te heljen. De Fleanbasis yn Ljouwert set derom de poarte iepen.
It is foar it earst sûnt 2016 dat de basis iepensteld wurdt foar personielswerving. Der is grut ferlet fan nije minsken: der wurde 170 minsken socht. Dat is in fiifde part fan it folsleine personielsbestân.
"Bij zo'n beetje alle onderdelen zijn mensen nodig", seit wurdfierder Jayme Tol fan de basis. It giet dan om monteurs, mar bygelyks ek om personiel foar it ûnderhâld fan apparatuer, ICT en de befeiliging. De konkurrinsje is lykwols grut.
Neffens útkearingsynstânsje UWV is der noch in soad krapte op de arbeidsmerk. Benammen elektrotechnyske- en elektroanikamonteurs en masinemonteurs wurde in soad socht.
Yn Fryslân binne op it stuit 2.300 fakatueres yn technyske beroppen. Dat is mear as twa kear safolle as yn 2020. "Er zijn veel partijen aan het vissen in een kleine vijver."
Grutte partijen as KLM en Transavia binne bygelyks ek op syk nei personiel. Yn it Noarden binne net in soad technyske opliedings foar dit soarte fan wurk. Der sit ien yn Hoogeveen by it fabryk fan Fokker en ek it Deltion College yn Zwolle biedt opliedings oan.
Yn it ferline kamen in soad fan de technisy út de 'werktuigbouwkunde'. Binnen Definsje krigen se dan in oanfoljende oplieding. "Zo ben ik ook begonnen", seit Tol. "Vanuit daar kun je makkelijk doorstromen."
Oan it wurk op de Fleanbasis © Definsje
Wervingsdagen as dizze binne no wer needsaaklik. Yn it ferline gie de poarte ien kear yn de moanne iepen. Dat wie doe lytsskalich fan opset en mear rjochte op de werving fan fleaners. Ek de loftmachtdagen waarden brûkt foar de werving. Dat evenemint is foar it lêst organisearre yn 2019 op de Fleanbasis Volkel.

Gjin loftmachtdagen

"Het is lastig te meten wat zo'n dag opbrengt aan nieuw personeel", seit Niels Vredegoor fan it Commando Luchtstrijdkrachten yn Breda. "Het kan zijn dat je een zaadje plant in het hoofd van een negenjarige. Dat weet je alleen niet."
Foarearst steane der gjin nije loftmachtdagen mear op it programma. "Maar zeg nooit nooit."

300 oanmeldingen

Tol tinkt dat in spesifike wervingsdei mear opsmite kin. "Iedereen is er en laat zien wat ze doen. Mensen geven zich nu ook specifiek op."
Sa'n 300 minsken yn de âldens fan 17 oant en mei 20 jier hawwe har opjûn. Dy komme benammen út it Noarden, mar der sitte ek oanmeldings by út Maastricht. Ynskriuwe kin yntusken net mear. Alle plakken sitte fol.