"Lûdsisolaasje fan wenningen om de fleanbasis hinne moat prioriteit krije"

Lûdsisolaasje fan in hûs Marsum © Omrop Fryslân

In bettere lûdsisolaasje fan wenningen om de fleanbasis hinne moat de heechste prioriteit krije. Dat fine omwenners fan de fleanbasis. De besteande lûdskearing yn de huzen foldocht al lang net mear.

De isolaasje yn de measte huzen is oanbrocht yn de jierren '80. Dat wie doe't der noch mei de F-16 flein waard. No't de F-35 der is, komt der mear lûd de wenningen binnen. Omwenners wolle dat dêr gau wat oan dien wurdt.

Tsien jier nei moasje Eijsink

"Het is tien jaar na de motie Eijsink", sei Nico Groenewegen by de gearkomste fan de kommisje lûdshinder fan de fleanbasis Ljouwert. Groenewegen wennet yn Jelsum ûnder de oanfleanrûte fan de basis. "De isolatie weert minder geluid dan wettelijk is toegestaan."

De nije ruten fan OBS De Pôlle yn Marsum © Omrop Fryslân

Yn de moasje Eijsink waard fêstlein dat der in goed ûndersyk komme moat nei it lûd fan de F-35 en oft de lûdsisolaasje dy't doetiids oanbrocht is noch wol foldocht. Der is yntusken in lûdsmjitnet. Dat jout ynsjoch yn hoefolle leven oft der makke wurdt troch de F-35's. De útfiering fan it twadde part lit noch hieltyd op him wachtsje.

Undersyk rint

"Alle gegevens liggen bij een bedrijf die daar berekeningen van maakt", seit Anton de Drijver. De âld-basiskommandant is belutsen as adviseur by de stjoergroep dy't him dwaande hâldt mei de lûdshinder. "Zij onderzoeken of de oude isolatie voldoet aan de eisen, ja of nee."

Der wurdt dan sjoen oft dy isolaasje it lûd noch genôch tsjinhâlde kin. "Het antwoord kan dan zijn dat dat niet het geval is. Dan moeten we na een terugkoppeling met Defensie zien wat der dan gebeurt."

Diskusje

Doe't de isolaasje yn de jierren '80 oanbrocht waard, wie de ôfspraak dat dy kosten foar Definsje wiene. As der dêrnei op 'e nij wat dien wurdt, soene wenningeigeners dêr sels foar opdraaie moatte. Den Drijver tinkt dat dat nei de takomst ta noch wol in diskusjepunt wurdt. Benammen om't de ferâldere isolaasje rjochte wie op de F-16, dy't minder leven makke.

Ynkoarten komt steatssekretaris Van der Maat fan Definsje nei Fryslân. Deputearre Femke Wiersma, foarsitter fan de kommisje lûdshinder, sei ta it op de aginda te setten.