Omrop Fryslân

Fan lykpaden oant napkestiennen: Fryslân leit fol oerbliuwsels út de Fryske âldheid

Willem Schoorstra
© Omrop Fryslân
Skriuwer Willem Schoorstra is fassinearre troch allerhanne oerbliuwsels út de Fryske âldheid dy't noch yn it lânskip te finen binne. Al in pear jier strúnt er Fryslân en de eardere Fryske gebieten ôf, sykjend nei soksoarte tekens. En hy hat al in hiel soad fûn.
Yn de rin fan dit jier ferskynt der in fotoboek mei de moaiste fynsten út syn syktocht ûnder de titel 'Ferburgen Fryslân'.
Syn syktocht nei symboalen yn it lânskip starte Schoorstra in pear jier lyn nei it lêzen fan it boekje 'Gewijde plaatsen in Friesland' fan Pier Adema út 1948. "Dat hat my echt op it spoar set", seit er oer syn driuwfearen en de fynsten dy't er oant no ta dien hat.
Fia it boekje kaam er telâne by in tal 'napkestiennen' yn Rinsumageast. Dat binne stiennen mei ien of mear kûltsjes deryn. Yn it fiere ferline waarden se ûnder oare brûkt foar fruchtberensrituelen en it meitsjen fan fjoer. "Ik bin dêr doe hinne riden en se leinen der noch. Sa is it begûn."

Slingerjende lykpaden

Schoorstra wiist ûnder oaren op in âld lykpaad by Hantumhuzen. Oer sokke paden waarden yn eardere tiden de deaden nei it hôf brocht.
"Se mochten net brûkt wurde foar oare saken, want dat brocht 'onk', dus ûngelok", fertelt Schoorstra. "Minsken tochten earder dat de deaden op ierde bleaunen. De paden binne faak kronkeljend om de geast fan de deade op in dwaalspoar te bringen sadat dy de wei net werom fine koe."
Willem Schoorstra skreau earder ferskate boeken oer de Fryske skiednis, sa as Grutte Pier en Redbad. Ferline jier ferskynde fan syn hân noch it ferhaal fan de Fryske banneling Ubbe de Fries ûnder de titel It Erfskip.
Hy hopet dat de paden dy't der noch binne behâlden wurde, want se fertelle it ferhaal fan it libben fan de gewoane minsken yn de ôfrûne milennia. "Der soenen eins buordsjes by moatte of in QR-koade sadat minsken witte wat it is en wat it betsjut. It moat net ferlern gean."
Lykpaad by Hantumhuzen
© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Dat it by Hantumhuzen om in echt lykpaad giet en net om samar in âld klinkerdykje, wit Schoorstra seker omdat it foarkomt op in kaart fan Fryslân fan Schotanus, in kaartemakker út de santjinde iuw. "Dêrop stiet it oanjûn as 'lykweg'. Ast dêr Google Maps oerhinne leist, kinst sjen dat it presys kloppet."
It byleauwe wie yn de santjinde iuw op syn hichtepunt.
Willem Schoorstra oer de symboalen fan dy tiid
Yn de tsjerke fan Nijewier, in bouwurk út 1698, is flak ûnder de dakgoate yn it koar in stien te sjen fan de mastermitseler Douwe Roelifs. Roelifs liet dêrmei syn hantekening yn de tsjerke achter.
"Mar wat nijsgjirrich is foar my, is dat der rjochtsûnder ek in soarte fan koweblomke sit. Dat is in hiel âld symboal om it kwea ôf te warren. It byleauwe wie yn de santjinde iuw op syn hichtepunt en minsken wienen faak op 'e hichte fan dit soarte symboalen. Kinst se oeral fine."
Stien fan mastermitseler Douwe Roelifs yn tsjerke fan Ie
© Willem Schoorstra
Schoorstra giet der geregeld op út yn Fryslân, mar ek yn de âld-Fryske gebieten as Grinslân, Noard-Dútslân en de Hollânske kust om te sjen wat der allegearre noch is.

Skiednis fan de gewoane minsken

Somtiden op basis fan in tip, mar hiel faak ek gewoan samar. "Ik wol fynsten oer it fuotljocht bringe dy't net sa bekend binne. Dus net in fibula fan Winaam en dat soarte fan saken. Mar wol in walfiskbonke fan in rjochtsprekker of in grêfheuvel of kopkes yn de muorre fan in tsjerke ensafuorthinne."
"Yn it fotoboek lit ik dy foarwerpen en symboalen sjen. Sy fertelle it ferhaal fan de gewoane minsken, fan de gewoane Friezen en hoe't sy yn it ferline en oant no ta mei gefaren en goeie dingen omgeane. En it moat der noch wêze. Minsken moatte derop út kinne om it te besjen."
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis.
Dizze reportaazje is ek publisearre as podcast. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.