Markante dûmny Zelle ferivige yn biografy: "Hy libbe yn tsjinstellingen"

Dûmny Johannes Hendrikus Zelle
Dûmny Johannes Hendrikus Zelle © privé argyf Bearn Bilker
Bolderjend stie er op de preekstoel, Johannes Hendrikus Zelle (1907-1983). Oer de markante dûmny skreau Bearn Bilker in biografy. "Hy libbe fan tsjinstellingen yn syn eigen libben en hy preke tsjinstellingen. Links of rjochts, 'een tussenweg is er niet'."
Zelle stie bekend om syn kleurrike preken. En hy luts altyd in soad minsken. As Zelle kaam siet de tsjerke fol. Bolderjend stie hy op de preekstoel. Hy hie in stim as in klok en hy hie garisma. Neffens Bilker preke Zelle graach oer Bibelske figueren dy't fan it rjochte paad rekke wiene, lykas Job, Jonah as Lot.
As lyts jonkje makke Bilker foar it earst sa'n preek mei fan dit fenomeen op de preekstoel. It ferhaal gie oer de sûndige stêden Sodom en Gomorra. En it lot fan Lot. De stêden waarden troch God yn de brân setten.
Der wurdt faak sein: Zelle preke hel en ferdommenis. Hel en ferdommenis is hiel wat oars, dan is der gjin hoop mear.
Bearn Bilker oer de preken fan dûmny Johannes Hendrikus Zelle
"It wie in waarme snein", fertelt Bilker. "Zelle preke oer de stêden dy't yn de brân stutsen waarden en dêr waard it noch waarmer fan. It swit dripte by Zelle troch syn wite boesgroen." De preek makke in soad yndruk op de jonge Bilker. En hy is altyd "begeistere" bleaun fan it fenomeen Zelle.
'Een tussenweg is er niet' is in livich boek wurden, mear as 500 pagina's. Bilker hat dan ek jierren dwaande west mei dizze biografy oer Zelle. Hy wie in populist, nuânses koe er net, fertelt Bilker. "Mar ik woe net dat Zelle fergetten waard."
Bearn Bilker
Bearn Bilker © Omrop Fryslân
"Der wurdt faak sein: Zelle preke hel en ferdommenis. Hel en ferdommenis is hiel wat oars, dan is der gjin hoop mear. Nee, seit Zelle, it leit net oan God, it leit oan jo. Jo kinne jo bekeare, dêr komt it altyd op del."

Skuonpoets yn it hier

Zelle wie in reizgjende dûmny. Hy wenne yn Ljouwert mei syn mem, en hy preke troch hiel Fryslân en Nederlân. Somtiden preke er wol fiif kear op in snein. Alle grifformearden koene him dan ek. En eltse grifformearde hie wol in nuveraardich ferhaal oer Zelle.
Berucht binne de ferhalen oer hoe't Zelle faak by famyljes thús kaam te iten en dan bygelyks alle pudding sels opite en en neat oerliet foar de oaren. Of dat Zelle skuonpoets yn it hier smarde om it wat swarter te meitsjen.

'It wie in typstra'

Faak fytste er op syn racefyts nei in gemeente om te preekjen. It binne foarbylden fan dy tsjinstellings yn it libben fan Zelle. "Hy wie in markant figuer, fertelt Bilker, hy libbe yn Ljouwert as in simpele siel en hy stie bekend as in "typstra".
Troch de wike seach er der nuveraardich út, it wie gjin dûmny yn syn gedrach troch de wike. Mar snein wie hy in hear en stie er kreas yn it pak op de preekstoel.
It boek fan Bearn Bilker "Een tussenweg is er niet", is in histoaryske biografy oer Johannes Hendrikus Zelle en de tiid dêr't hy yn libbe. It boek ferskynt woansdei.
De belangstelling foar Zelle hat altyd grut west. Sa krûpte Freark Smink yn 2010 yn de hûd fan Zelle yn it toanielstik Zelle en skreau Willem van der Veen yn 2009 it boek Johannes Hendrikus Zelle, Volksverhalen over een legendarische predikant.
Neffens Bilker wie Zelle in goede preker mar eins net in echte dûmny. "Hy koe gjin hoeder wêze foar de minsken." As der sykte wie sa as in stjergefal, dan moat de dûmny dêrhinne, dan moat er bemoedigje as treaste.
Johannes Zelle, dûmny, Bilker, biografy
Johannes Hendrikus Zelle © Foto privé argyf Bearn Bilker
Mar dêr koe er net mei omgean. Hy wie net empatysk, sa fertelt Bilker. Syn beneaming foar de tsjerke fan Rockanje yn Súd-Hollân rûn dan ek út op in fiasko. Zelle wie somtiden net te finen foar it tsjerkebestjoer.

Wettersneedramp

Bygelyks by de wettersneedramp fan 1953. De grutske Nederlânske natuerramp fan de 20e iuw. Mear as 1800 minsken ha de ramp yn it súdwesten fan Nederlân net oerlibbe. De diken by Rockanje brutsen net, it doarp waard sparre. Mar der waarden wol in soad evakuees opfongen yn it doarp. Mar wêr wie Zelle? Net by syn gemeente yn Rockanje.
De dûmny moast syn gemeente bystean tidens dizze ramp mar wie net te finen. Letter is Zelle troch de gemeente Rockanje mei 'emeritaat' stjoerd.

Deun

Zelle hat dêrnei oant syn dea yn Ljouwert wenne. Earst mei syn mem, letter allinnich. En dat wie in sober libben, yn in sober hûs sûnder wetter en wc. Want Zelle joech net graach jild út, stie bekend as 'deun'.
Neffens de ferhalen wie sels in syktekostefersekering him te djoer. Johannes Hendrikus Zelle ferstoar 11 maaie 1983 oan de gefolgen fan sûkersykte.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Mei fan 12:00 oant 13:00 oere it nijsfoarum. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.
Dizze dokumintêre is ek as podcast te finen op Spotify of Apple Podcasts.