Romke Toering seach de dea yn de eagen en begûn te skriuwen

Wat dochst ast te hearren krijst datst opjûn bist troch de medisy en dyn tiid op dizze wrâld oan de ein komt? Skriuwer, akteur en regisseur Romke Toering krige swiere hertproblemen, seach de dea yn eagen en pakte de pinne op. Hy begûn te skriuwen oer syn jeugdjierren yn Easterlittens.
Toering wit it noch as de dei fan juster: sneon 11 septimber 2021, 9/11 sa seit er sels. Hy waard net goed en bedarre yn it sikehûs yn Ljouwert. It die bliken dat hy in skuorke hie yn syn aorta.
Hy moast fuortendaliks opereare wurde, mar der wie gjin plak op de operaasjekeamers yn it MCL. Mei âljende sirenes waard hy yn de ambulânse nei Grins brocht. Se wiene krekt op tiid. Toering krige in nij stik aorta en in keunsthertklep en koe begjinne mei de refalidaasje.
Baktearje soarget foar grutte problemen
In jier letter waard Toering wer siik. In baktearje hie him nestele op de nije keunsthertklep. De dokters koene de baktearje net fuortkrije, de antibioatika sloegen net oan. "Dat betsjutte dat se neat mear foar my dwaan koene", fertelt Toering. Hy waard nei hûs ta stjoerd en makke him klear foar de dea.
It wie in doel en in treast oan it slot, in opslokkende beuzichheid en in grutte satisfaksje om dy ferhaaltsjes swart op wyt te setten.
It wie in drege perioade, mei in soad fertriet en praat oer de begraffenis. Toering pakte de pinne op en begûn te skriuwen. "Wat doch ik noch dat lêste eintsje? No, dat boek wie der noch!"

Toering wie foar syn hertproblemen al begûn mei in boek oer syn jeugdjierren yn Easterlittens en dêr gie hy mei fierder. Net wittende oft hy noch libje soe as it boek útjûn wurde soe.
In boek fol 'fersferhaaltsjes'
It wurdt in boek fol anekdoates en oantinkens fan syn bernejierren en de puberteit, oer it libben yn Easterlittens. "Ik ha in geweldige jeugd hân, der wie altyd wol wat te rêden yn Littens." It boek stiet fol mei koarte en langere ferhaaltsjes: fersferhaaltsjes, sa neamt Toering se.
SMAAK
Grutsk nimt bakker Wibe
it lid fan de houten doaze
en toant syn geheim.
In oranjekoeke mei de smaak,
dy't we fier nei syn dea
by de learling fan syn feint
syn oranjekoeke
op 'e nij wer priuwe
In fersferhaaltsje fan Romke Toering út syn boek FC Nostalgia
Wûnder boppe wûnder giet it no nei omstannichheden wer in stik better mei Toering. De sa benearjende baktearje hâldt 'm koest. De antibioatika begjinne harren wurk te dwaan en de pompfunksje fan syn hert wurdt stadichoan wat better.

En it boek is klear. FC Nostalgia is no yn de boekwinkels te krijen.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.