Fan posterplakker nei biografe: Fleur van der Bij ken Loesje troch en troch

Fleur van der Bij © Omrop Fryslân

"Wy wiene de earste en iennige wyldplakkers yn Tsjalbert", laket Fleur van der Bij as se fertelt oer har konneksje mei 'Loesje'. It fleurige, eigenwize en positive posterfamke is berne yn 1983, doe't it aktivisme yn Nederlân heechtij fierde.

Fjirtich jier letter ferskynt de biografy, skreaun troch Fleur van der Bij, dy't tsjintwurdich yn Grins wennet.

"Yn de jierren '80 wiene der in soad demonstraasjes en aksjes. Mar alles wie negatyf", fertelt Van der Bij.

"'Weg met de bom', 'Stop kernenergie', 'Nee tegen kruisrakketten'. In groep aksjefierders yn Arnhem betocht oan de keukentafel fan har wengroep dat it oars moast. Dat it positiver moast." Dat betsjutte de berte fan Loesje.

Fleur van der Bij (1981) is sjoernaliste, histoarika en skriuwster. Op it ynternasjonale kantoar fan Loesje yn Berlyn wurke se as kreatyf aktiviste.

As skriuwster debutearre se yn 2018 mei De Nijl in mij, Een ontdekkingsreis naar het hart van de waanzin, dat loovjende kritiken krige. Yn 2019 folge Verkeersslachtoffer 22/10. Op zoek naar de man die mijn zusje doodreed.

Har boeken waarden nominearre foar de VPRO Bob den Uyl Prijs en de Grinzer Kultuerprizen.

Al gau wienen de posters troch hiel Nederlân te finen. Dêrop stienen dan spreuken as 'Leven is het meervoud van lef', 'Aan het eind van m'n zakgeld houd ik altijd een stuk maand over' en 'Tip: stem op een idee niet op een premier'.

Se hongen ek yn Tsjalbert, mei tank oan Van der Bij en in freondinne, dy't mei de posters en behangplaksel oan 'e slach wiene.

Fleur van der Bij as 15-jierrige Loesje-aktiviste © Eigen foto

Yn har stúdzjetiid yn Grins wie Van der Bij lid fan it 'Loesje-kollektyf' dat nije teksten en spreuken betocht. "Wy sieten dan yn in groepke te praten. Oer de aktualiteit, oer it waar, oer de stúdzje... it koe echt fan alles wêze. En al assosjearjend en kombinearjend kaamst dan ta in tekst."

Nei't al dy teksten der wiene, koe elk oanjaan hokker oft de bêsten wiene. "En dêr socht de einredaksje dan úteinlik in pear fan út dy't ek echt op in poster kamen."

De keamer fan Fleur van der Bij yn de jierren '90, mei de Loesje-posters oan 'e muorre © Eigen foto

De allerearste kear dat Van der Bij by sa'n sesje siet, betocht se in tekst oer Afganistan. Dy waard ek útsocht om op in poster te setten.

"Mar it is eins not done om te sizzen datsto dy tekst betocht hast. Loesje is echt in kollektyf en do dochst it mei-elkoar. It is net de bedoeling datst dysels op it boarst slachst en seist datst in bepaalde tekst betocht hast."

In Loesje poster mei in tekst fan it Grinzer kollektyf dêr't Van der Bij by siet © Eigen foto

As studinte skiednis skreau Van der Bij in essay oer Loesje en no, fjirtich jier nei de oprjochting, ferskynt de biografy. "'Net autorisearre hear", seit se om oan te jaan dat der net offisjeel tastimming foar jûn is. Al kin dat fansels ek net, omdat Loesje net in persoan is.

Fjouwer jier lang hat se oan it boek wurke. Se prate mei leden fan it Loesje-kollektyf en hat troch sechtich doazen mei argyfmateriaal hinne west.

Wauw, sit dát derachter!
Fleur van der Bij

Wylst se tocht dat se alles wol wist, fernuivere se har dochs. "Dat argyf wie echt op syn 'Loesjes': alles trochinoar, der siet gjin systeem yn. Ik ha my der trochhinne wraksele en bin op in hiel soad manieren ferrast en ferwûndere. Dat ik tocht: 'Wauw, sit dát derachter!'"

Marx en Lenin

Sa ûntduts se dat der yn dy earste jierren in 'scholingsmodel' fan Marx en Lenin achter de spreuken siet. Dat Loesje eins in middel wie om it kapitalisme te ferjeien.

Neffens Van der Bij fertelt de biografy sadwaande net allinne it ferhaal fan Loesje, mar jout it ek in hiel moai tiidsbyld fan de jierren tachtich oant en mei no.

It boek dat Fleur van der Bij skreaun hat oer Loesje © Eigen foto

Yn de rin fan dy fjirtich jier hat Loesje har ideologyske fearren ôfdien en nei de fal fan de muorre yn Dútslân hat se fêste foet oan 'e grûn krigen yn (East-)Europa. Hjoed-de-dei binne der aktive groepen yn ûnder oare Poalen, Letlân en Oekraïne. Se meitsje posters yn harren eigen taal, mar ûndertekenje dy wol mei 'Loesje'.

Loesje moat it yn Nederlân net mear ha fan it plakken fan posters, mar fan berjochten op sosjale media. "Yn de tachtiger jierren wie Loesje brutaal, mar dat aktivistyske karakter is wol minder wurden. Se is no folle braver as doe."

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.