Gert Jan Oosterkamp sjocht allinne mar telefyzje út de jierren '80

Medisch Centrum West, De Berenboot of André van Duin. Gert Jan Oosterkamp fan Munnikebuorren sjocht allinne mar nei telefyzjeprogramma's út syn jeugd. Hy hat hûnderten dvd's en fideobannen mei âlde programma's.
Alle jûnen stalt er dêrmei syn eigen telefyzjeprogramma gear, dêr't er mei syn mem nei sjocht. Werom yn de tiid, dus.
"De moderne televisie, daar moet ik helemaal niets van hebben." De 'gewoane' telefyzje stiet dan ek noait mear oan yn it hûs fan Oosterkamp: "Dat is alleen maar ellende."
Gert Jan Oosterkamp (51) sjocht allinne mar nei telefyzjeprogramma's út syn jeugd
De 51-jierrige Oosterkamp ferklearret syn hing nei eartiids út in gefoel foar nostalgy en geselligens. "De tv was toen simpel, maar spannend en echt. Tegenwoordig is alles met computers."
Neist de dvd's hat er ek hûnderten puzels, boeken en foto's fan syn telefyzjehelden fan doe.

Oosterkamp hat noch in bysûndere leafhawwerij. Hy makket foto's fan grêfstiennen fan bekende Nederlanners. Dêr hat er sa njonkelytsen in hiel foto-album fol fan. Yn syn album sitte bygelyks ôfbyldingen fan de grêven fan Harry Bannink, Herman Brood en Boudewijn Büch.
Alle sneonen giet Oosterkamp mei syn mem yn de auto te toeren. Dan sykje se de begraafplakken op dêr't bekende minsken lizze, lykas Zorgvlied yn Amsterdam. "Je ziet ze normaal op televisie, en dan kom je in een keer heel dichtbij."
It kuierjen oer de hôven jout Oosterkamp ek in stikje rêst, seit er.

Ien fan de grutste helden fan Oosterkamp is dochs wol André van Duin. Ferline jier hat er tegearre mei in maat Van Duin yn it echt troffen. Fansels wie dat ek de kâns om in cd fan him sinjearje te litten.
"Hem in levenden lijve ontmoeten, dat is toch wel het allermooiste. Maar je moet er tegenwoordig wel snel bij wezen, want ze vallen bij bosjes om."