Omrop Fryslân

HEA! Fuotbaljen sûnder te draven

HEA! Oldstars-frouljusfuotbal
Net koppe, gjin slidings, net boppe heuphichte sjitte en foaral: net drave! Dat is Oldstars-fuotbal. By de fuotbalklup fan Wolvegea binne se mei in nij frouljusteam oan dizze fuotbalfariant begûn.
Oldstars-fuotbal is minder blessueregefoelich en dêrom hiel geskikt foar âldere spilers. It 40+-team is entûsjast en fanatyk dwaande. Al is it wol hiel dreech om yn it fûlst fan de striid dochs net in sprintsje oan te lûken.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.