HEA! De fuotbalfammen fan Wjelsryp

HEA! Fuotbalfammen
Se binne drok oan it trainen foar it skoalfuotbaltoernoai. Nathali, Ylse, Mirjam, Christa en Amy wolle graach goed skoare by de wedstriid. Ien jonge, Gerben, mei mei harren meidwaan.
De fuotbalfammen fan Wjelsryp binne wol gauris efkes oan 'e gong, ek op it skoalplein. Se kinne noch wol wat oefening brûke neffens ien fan harren, dy't sels ek op fuotbal sit. Gerben, it bruorke fan ien fan de fammen, docht efkes mei. Hy fynt dat de froulju noch leare moatte better oer te spyljen. En dat se wat mear 'op de bal sitte moatte'.