HEA! It 'Avondrood' fan de Leeuwarder Zwaluwen

HEA! Fuotballer Menno Ganzevoort

Al 77 jier fuotballet Menno Ganzevoort by de Leeuwarder Zwaluwen. De njoggentiger is de âldste by team 'Avondrood', dêr't de oaren ek hast allegearre boppe de santich binne. Mar de feteranen spylje noch alle wiken in stevich potsje.

Doe't Ganzevoort krekt nei de oarloch as 13-jierrich jonkje begûn, hie er net iens in folslein pear fuotbalskuon: de linker en de rjochter krige hy fan ferskillende minsken.

Al dy jierren is hy fuotbaljen bleaun, wêrby't hy it foaral fan syn snelheid ha moast. No stiet Ganzevoort meast op doel, want de kondysje wurdt wat minder. Mar de ynset en de wille is der by de njoggentiger noch hieltyd.