Omrop Fryslân

Hoe âld is de terpehûn yn it Fries Museum? DNA-ûndersyk moat it útwize

De terpehûn hat gjin namme en krijt dy foarearst ek net, neffens it Fries Museum
© Fries Museum - Collectie Koninklijk Fries Genootschap
Hy stiet al in skoftlang tentoansteld yn it Fries Museum, mar hoe âld oft it bonkerak fan de saneamde terpehûn no krekt is, is net bekend. Dêr komt feroaring yn.
Moandei hat in archeolooch-ûndersiker fan de Ryksuniversiteit Grins meunsters naam fan it hier, de hûd en in tosk fan de hûn.
De hûn is yn it begjin fan de foarige iuw fûn yn de terp by Ferwert. Oan de hân fan DNA-ûndersyk hoopje se derachter te kommen wannear't de terpehûn krekt libbe en hoe't er derút seach.
Undersiker Canan Cakirlar en konservator Diana Spiekhout by it materiaal
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Archeolooch-ûndersiker Canan Cakirlar fan de RUG is tefreden mei de meunsters. "Ze zijn heel goed bewaard. Je hebt hier vacht, stukjes huid en bot. En heel goed geconserveerde tanden."
Der wurdt in koalstofdatearring, genetysk ûndersyk en gemysk ûndersyk dien om te sjen wat de hûn iten hat en wêr't er dat dien hat.
"Er is heel veel oud DNA", fertelt Cakirlar. "En dat zullen we onderzoeken om te zien tot welk ras deze hond mogelijk behoorde." De meunsters wurde dêrfoar ek nei Oxford stjoerd.
De terpehûn sa as er yn it Fries Museum opsteld stiet
© Omrop Fryslân
Meastentiids binne dy by archeologyske fynsten net sa goed brûkber as dizze, seit Cakirlar. "Dit is erg leuk. We kunnen zo een complete biografie van het dier zo goed mogelijk reconstrueren."

De hûn wer in gesicht jaan

Konservator archeology fan it Fries Museum, Diana Spiekhout, fûn seis jier lyn in frjemd doaske mei hier. Se kaam derachter dat it by de terpehûn fan de tentoanstelling hearde. "Sindsdien heb ik de droom dat we deze hond weer een gezicht gaan geven."
It earste wat se te witten komme wolle, is hoe âld oft it skelet is. Se tinke dat de hûn út de midsiuwen komt, mar dat is net wis.
Stikjes fan bonken en in tosk
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Se wolle úteinlik in komplete rekonstruksje meitsje en Spiekhout fertelt dat der mear ideeën binne. "Mijn droom is dat we niet alleen een 3D-reconstructie krijgen, maar dat we misschien iets met een look-a-likewedstrijd gaan doen of dat er een knuffel komt, een idee dat Canan heeft geopperd. Er zijn heel veel mogelijkheden als je weet hoe de hond eruit heeft gezien."
Mei dizze natuerwittenskiplike data hoopje se ynsicht te krijen oer hûnen yn de midsiuwen. "We weten uit de wetsteksten van de Lex Frisionum dat er honden rondliepen met verschillende soorten functies", leit Spiekstra út.
Wêr en wannear libbe de terpehûn?
"Sommigen konden wolven verjagen of zelfs doden. Maar er zijn ook honden die gebruikt werden als schoothondje of die gewoon op het erf aan het rondlummelen waren." It ûndersyk moat oantoane by hokker kategory oft de terpehûn hearde.

Oan liken gnauwe

As de hûn noch âlder is, dan kaam dy miskien wol út de Romeinske tiid en hie de hûn mooglik noch wer in oare funksje. "Ze deden in die tijd aan openluchtbegrafenissen", wit Spiekhout.
"Dan knauwden de honden mogelijk aan de lijken en hadden ze daarom een speciale rol in de samenleving. Luguber, maar we hopen er toch meer duidelijkheid over te krijgen."
It Fries Museum is fan doel om mei de rekonstruksje en it skelet op reis te gean en it op ferskillende plakken tentoan te stellen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.