Nije bylden fan Alvestêdetocht 1986: trije Biltkers filmen ûntsnapping Van Benthem

Oene Krist, Sander Nieuwhof en Jurjen Enzing
Oene Krist, Sander Nieuwhof en Jurjen Enzing © Omrop Fryslân
Se wisten dat se in unyk plak hiene dêr't net ien filmje koe: Sander Nieuwhof, Oene Krist en Joop Bijlsma. Mei syn trije wachten se op 26 febrewaris 1986 tusken Wier en Froubuorren op de kopgroep fan de Alvêstedetocht.
It wie in plak wêrfan't se wisten dat de NOS der net komme koe. By tafal leinen se de dêr earste ûntsnapping fan Evert van Benthem fêst.
De bylden leine oant no ta stof te fangen yn it argyf fan Nieuwhof. Mar hy hat de filmbylden oerdroegen oan it Fries Film & Audio Archief yn Ljouwert.
Dizze trije minuten binne opnaam troch de trije Bilkerts:
De bylden fan de ûntsnapping, fêstlein troch Nieuwhof, Krist en Bijlsma
Nei Frjentsjer wie in kopgroep ûntstien fan sân man. It tempo wie neffens Van Benthem te leech en hy naaide út.
Dat die er krekt op it plak dêr't Nieuwhof, Krist en Bijlsma klear stiene. "We wisten dat de NOS dêr net komme koe", seit Krist. "De brêgen wienen te leech en de motor koe der net ûndertroch."

Ut it dak

Yn it foar hienen se alles al regele. Nieuwhof: "Wij mosten sels 'n fergunning anfrage om der rije te mâgen, dat kin fansels niet soamaar."
Sadree't de kopgroep by de feart del de Súderhoekstermiddelwei opdraaide, begûn it filmwurk.
"We woene de Alvestêdetocht filmje mei in aksent op It Bilt. We ha se earst opfongen by Wier, dêrnei binne we nei de Súderhoekstermiddelwei ta riden", fertelt Krist.
Bijlsma ried, Krist hong oan de sydkant fan de auto om alles yn de gaten te hâlden en Nieuwhof hong út it dak mei de kamera. "We hienen in Jeep regele", seit Krist. "We moasten ien ha mei in iepen dak."
Dut gebeurt een keer in dyn leven, soa'n momínt. Oene, Joop en ik hewwe dat fastlaid.
Sander Nieuwhof, kameraman
Wat der doe barde, hienen de mannen net betinke kinne. "In 't midden fan de Súdhoeksterfaart loopt 'n skeur", seit Nieuwhof. "Van Benthem stapte der overhine en reed starigan fort."
Nieuwhof lei it fêst. Hy seach troch de lins hoe't Van Benthem mei eltse slach syn foarsprong fierder útbouwe koe.
"Dat waar foor ôns 'n geweldig momint. Dut gebeurt een keer in dyn leven, soa'n momínt. Oene, Joop en ik hewwe dat fastlaid."
It plak dêr't Van Benthem foar de earste kear ûntsnapte út de kopgroep
It plak dêr't Van Benthem foar de earste kear út de kopgroep ûntsnapte © Omrop Fryslân
Krist: "It wie in unyk momint. Sander en ik hienen de eagen op de kop, fansels." Foar him wie it fuort dúdlik dat Van Benthem dy dei goed wie: "Hy wie de sterkste. Sa maklik oft er dêr fuort ried, hy hie noch in goede batterij."

NOS bea 100 gûne

De bylden hawwe noait op telefyzje te sjen west. Dat hie wol kinnen, seit Nieuwhof. "Bij de NOS hadden se fanút de helikopter sien dat wij filmden. Sij hewwe kontakt socht en wouwen de beelden wel hewwe."
De manlju koenen der 100 gûne foar krije. In taksy soe de bylden dan nei Hilversum bringe. "Doe hew ik said dat 'n taksy duurder waar as dat wat sij betale wouwen. Na goed overleg hewwe wij 'ni' said. Se hore bij 't Bildt."

Nei it argyf

No, 38 jier letter, binne de bylden digitalisearre en bywurke. Se ha in plak krigen yn it Fries Film & Audio Archief. Nieuwhof hie se salang yn syn persoanlike argyf. Hy hie altyd al yn gedachten der werris nei te sjen at hy mei pensjoen wie. Dat is Nieuwhof no.
Koördinator Jurjen Enzing is der bliid mei: "Het is heel bijzonder. Dit is echt een pareltje." Enzing hat de folsleine kolleksje krigen fan Nieuwhof. Alles wurdt besjoen en digitalisearre.
Enzing is altyd wol op syk nei ditsoarte fan materiaal: "Alles wat is vastgelegd in Fryslân willen we bewaren voor de toekomst. Wat de NOS destijds niet kreeg zit nu wel bij ons in het archief."
Yn totaal leine Nieuwhof, Krist en Bijlsma in healoere oan materiaal fêst: