FIDEO: Bern ynset as Cyber Agent yn game oer cyberkriminaliteit

Bern hackgame
Bern leare oer online feiligens troch game © Omrop Fryslân
Game, appe of TikTokke: bern binne hieltyd faker online. Mar omdat se har net altiten bewust binne fan de gefaren, binne se in kwetsbere groep en maklike proai foar hackers en oare online kriminelen. Skoalbern yn Oranjewâld gienen dêrom oan de slach mei de game HackShield.
Op de Albertine Agnesskoalle stiet de les fan groep 6 tongersdei yn it ramt fan cyberkriminaliteit. En it is in bysûndere les, want boargemaster Avine Fokkens fan Hearrenfean komt del om harren foar te stellen oan in game.
FIDEO: Gamen tsjin hackers: bern leare oer siberkriminaliteit
Yn de game gean de bern as in 'Cyber Agent' de striid oan tsjin hackers. Troch de spultsjes en fragen yn de game learen se op in leuke manier oer de gefaren dy't it internet mei him meibringe kin. Want wat moatst dwaan ast in frjemd berjochtsje krijst? En hoe kinst foarkomme datst hackt wurdst?
Neist de skoalle yn Oranjewâld sette ek oare skoallen yn Fryslân de game yn.