Omrop Fryslân

Noorderbreedte slachtoffer fan hackoanfal op e-mailsysteem

Soarchorganisaasje Noorderbreedte is dizze wike oanfallen troch hackers. De hackers krigen tagong ta in e-mailadres fan Noorderbreedte en koene sa ynformaasje sammelje dêr't falske e-mails mei ferstjoerd binne. De hackers hawwe gjin tagong hân ta gefoelige persoansgegevens fan bewenners, kliïnten of meiwurkers, seit de organisaasje.
Soarchorganisaasje Noorderbreedte
© Omrop Fryslân
De berjochten waarden fuortendaalks werkend as falsk. Noorderbreedte hat yntusken maatregels naam om de digitale befeiliging te ferbetterjen.
Fan de goed 3.000 accounts by Noorderbreedte die bliken dat der sa'n 200 net genôch taret wiene op in hackoanfal. Dizze accounts binne ekstra befeilige, lyk as de eksterne tagong fan meiwurkers ta bygelyks e-mail en yntranet. By Noorderbreedte wurkje goed 2.500 meiwurkers en 1.500 frijwilligers.

Undersyk opset

Noorderbreedte heart by Zorgpartners Friesland (ZPF) en krijt stipe fan it sikehûs MCL op it mêd fan ICT. Mei-inoar is der in ûndersyk opset om út te sykjen wat de oarsaak, skea en nedige befeiliging binne.
Neffens Noorderbreedte hawwe oare partners binnen Zorgpartners Friesland, lykas de sikehuzen, gjin risiko rûn. Dy hawwe in eigen ICT-omjouwing.

"Gjin útsûndering"

Bestjoerder Martin Kirchnet hat oanjûn it ynsidint troch te jaan by de Autoriteit Persoonsgegevens en oanjefte te dwaan by de plysje. Hy fynt it spitich dat it bard is. "We zijn helaas geen uitzondering. Het gebeurt steeds vaker dat zorgorganisaties slachtoffer worden van cybercriminelen."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.