Friezen fertocht fan grutte online-ID-dieverij
De online-identiteit fan 50.000 Nederlanners is te keap oanbean op it kriminele hannelsplatfoarm Genesis Market. Op dy webside waarden miljoenen brûkersprofilen mei unike digitale fingerôfdrukken ferkocht. Fan de dieverij wurde meardere Friezen fertocht.
Yn totaal hat de plysje santjin fertochten op it each. Sy komme út it hiele lân wei: fan Rotterdam oant Grins. Der sitte ek Friezen tusken: it giet om in Ljouwerter, in Snitser en immen út Nes. In wurdfierder fan de plysje koe gjin dúdlikheid jaan oer hokker Nes it giet.
Mei de online fingerôfdrukken kinne hackers it digitale libben fan har slachtoffers oernimme en yn it uterste gefal har bankrekken leechrôvje.
De FBI hat de webside tiisdei offline helle. Oer de hiele wrâld hawwe yn santjin lannen hûnderten trochsikingen west en der binne goed twahûndert arrestaasjes dien yn it ûndersyk, sa seit Europol.