Heechlearaar Aukje Nauta: 'Doar dy te skamjen, dat smyt in sûner wurkklimaat op'

Aukje Nauta, professor, bysûnder heechleraar, arbeid, psycholooch, skamte, wittenskip, teäter, kolleezje
Aukje Nauta © Eigen foto
Prof. dr. Aukje Nauta, hikke en tein yn Ljouwert, is ien fan de wittenskippers dy't foar de Universiteit van Nederland yn de Nederlânske teäters in kolleezje jout. Yn tweintich minuten fertelt se oer gedrach dat oer de grins hinne giet, skamte en oer hoe't ús noarm oer wat wol en net kin feroare is.
De titel fan har kolleezje is: Hoe giest om mei de 'bully' (yn dysels). Nauta brûkt yn har kolleezje oansprekkende foarbylden, anekdoates en hat ynteraksje mei it publyk, dat regelmjittich laitsje moat en tagelyk wat opstekt fan har ferhaal.
Aukje Nauta, kolleezje, teäter, grinsoerskriedend gedrach, wurkflier, wurk, arbeid, saakkundig, professor, heechleraar
Aukje Nauta yn it teäter © Peter Valckx
Nauta is organisaasjepsycholooch en saakkundich op it mêd fan gedrach dat oer de grins giet, skamte en duorsume ynsetberens. Se is sûnt 2018 bysûnder heechlearaar oan de universiteit fan Leiden.
Har ûndersyk rjochtet him op it ferbetterjen fan de prestaasjes fan minsken op de wurkflier troch ûnderlinge ferbining. Sy is der fan oertsjûge dat as minsken har iepenlik doare te skamjen, der in sûner wurkklimaat ûntstiet.
Aukje Nauta is berne yn 1967 yn Ljouwert. Nei it Stedelijk Gymnasium yn Ljouwert hat se oan de Ryksuniversiteit Grins arbeids- en organisaasjepsychology studearre. Dêr is se ek op promovearre. Se hat bysûnder heechlearaar Organisaasjepsychologyske Aspekten fan Prososjaal Gedrach en heechlearaar Employability yn wurkrelaasjes oan de universiteit fan Amsterdam west en is no bysûnder heechlearaar Enhancing individuals in a dynamic work context oan de universiteit fan Leiden.
Se hat bestjoerslid west fan Stichting SBI en lid fan de Rie fan Tafersjoch fan ING Bank Nederlân. Se is lid fan de akkreditaasjekommisje fan de NVZD, (de beropsferiening foar bestjoerders yn de soarch) lid fan de Rie fan tafersjoch fan CultuurWerkt! en wie earder kroanlid fan de SER (Sociaal Economische Raad).
De Universiteit van Nederland strykt op 15 febrewaris del yn Theater Sneek. Aukje Nauta is dan ien fan de trije wittenskippers dy't in teäterkolleezje jouwe. Ofrûne wike wie it selskip te sjen yn De Harmonie yn Ljouwert.
Skamte is neffens har in emoasje dy't ynset wurde kin om better mei elkoar om te gean. Omdat skamte in sinjaal oan dysels is dat it better kin. En troch dy skamte ûnder eagen te sjen en iepenlik te beneamen, kinne ûngemaklike situaasjes besprekber makke wurde. Nauta pleitet dan ek foar 'skamtefrij' gedrach.

'Nooit meer doen alsof'

Yn 2021 ferskynde fan har hân it boek 'Nooit meer doen alsof' oer skamtefrij libjen. Ut har ûndersyk nei skamte die bliken dat dat de oarsaak is fan stress, burn-outklachten en otterjende konflikten mei kollega's.
Aukje Nauta, wittenskip, psycholooch, arbeid, kolleezje, teäter, grinsoerskriedend gedrach, bully, skamte, professor, bysûnder heechleraar
Aukje Nauta yn it teäter © Peter Valckx
Troch it wittenskipskolleezje yn de teäters hopet Nauta op in leechdrompelige en humoristyske wize har ynsichten troch te jaan.

Peste sit yn de minsk

Oan 'e ein fan har lêzing komt se ta de konklúzje dat net-winske en pesterich hâlden en dragen altyd bliuwe sil, omdat it yn de minske sit om sa no en dan ferfelend te wêzen. As we dat ûnder eagen sjogge, kinne we de skamte dy't dêr by heart, akseptearje as in sinjaal dat eat better kin.
Ast dy skammest, dan hast minne gedachten oer dysels. Mar dátst dy skammest, jout ek oan datst in better minske wêze wolst en datst dyn bêst dwaan wolst om in feilige (wurk)omjouwing te bieden.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.