Dûmny Lieke Weima fan Skearnegoutum striidt út har leauwen wei foar it klimaat

Stikkene klean kinne ek makke wurde yn it Putsje Kafee
Stikkene klean kinne ek makke wurde yn it Putsje Kafee © Omrop Fryslân
Lieke Weima fan Skearnegoutum is dûmny én klimaataktiviste. Yn har preken hat se it geregeld oer it klimaat, om't se it wichtich fynt dat minsken dêrmei dwaande binne.
"Maar ik vind het ook belangrijk dat mensen zelf kiezen hoe ze daar dan uiting aan geven", seit Weima as wy har treffe yn it 'Putsje Kafee' yn Skearnegoutum.
Se is dêr om in stikkene cd-spiler meitsje te litten. In groepke fan fiif frijwilligers nimt de cd-spiler ûnder hannen en fierderop sitte twa froulju achter in naaimasine spikerbroeken te meitsjen.
Dûmny Lieke Weima
Dûmny Lieke Weima © Omrop Fryslân
"It is hjir no hiel rêstich. Fandêr dat wy mei ús allen mei dy cd-spiler dwaande binne", fertelt Geart Bos, de koördinator fan it Putsjekafee. "Yn 'e maitiid binne we altyd hiel drok mei túnark dat wy reparearje. En der komme ek geregeld fytsen foarby."
It Putsje Kafee is ien fan de inisjativen yn it doarp mei as doel minder guod fuort te smiten. "Mar it sosjale aspekt is like wichtich", seit Bos. Ek it foarinoar soargjen is in foarm fan duorsum libje, tinkt hy.
Yn it Putsje Kafee bûge manlju har oer in stikkene cd-spiler
Yn it Putsje Kafee bûge manlju har oer in stikkene cd-spiler © Omrop Fryslân
It Putsje Kafee is ûntstien út Graach Dien, in helptsjinst yn Skearnegoutum dy't opset is út de tsjerke wei.
"Ik hie wolris heard fan in repaircafé en omdat ik sels graach dingen dy't stikken binne wer meitsje, woe ik dat hjir yn Skearnegoutum ek wol opsette", leit Bos út. "Doe haw ik kontakt socht mei de froulju fan Graach Dien en sa binne wy byinoar kommen."
Wy hawwe it Putsje Kafee neamd, omdat wy hjir Frysk prate.
Geart Bos, koördinator fan it Putsjekafee
"Wy hawwe it Putsje Kafee neamd, omdat wy hjir Frysk prate. Repaircafé passet net", fertelt Bos.

Graach Dien

Graach Dien is dus it oare inisjatyf yn Skearnegoutum. Minsken dy't foar ien kear wat help nedich ha, kinne in berop dwaan op de frijwilligers.
"Dan moatst tinke oan in ritsje nei it sikehûs, it opromjen fan de tún nei de winter, wat húshâldlik wurk of wat kompjûterwurk", leit Joke Leeverink út. Sy is ien fan trije froulju dy't har bemuoie mei Graach Dien.
De stikkene bûse fan in spikerbroek wurdt wer naaid
De stikkene bûse fan in spikerbroek wurdt wer naaid © Omrop Fryslân
Graach Dien hat in bestân mei frijwilligers dy't se ynskeakelje kinne as der in helpfraach binnenkomt. "Der wurdt in soad gebrûk fan makke", fertelt Leeverink. "It is ûntstien út de tsjerke wei om minsken te helpen en it draait geweldich."
"Mar it is absolút net allinne foar minsken dy't nei tsjerke gean. Perfoarst net, dan soene wy ús doel foarby sjitte" seit Leeverink mei klam.
Geart Bos en Joke Leeverink fan it Putsje Kafee en Graach Dien
Geart Bos en Joke Leeverink fan it Putsje Kafee en Graach Dien © Omrop Fryslân
Graach Dien en it Putsje Kafee passe hielendal yn it stribjen fan de tsjerke yn Skearnegoutum om klimaatbewust en duorsum yn 'e mienskip te stean.

Griene tsjerke

Sûnt 2019 is it in saneamde Griene Tsjerke. "Als Groene Kerk zeg je als geloofsgemeenschap dat je elk jaar in ieder geval één stap wilt zetten op het gebied van duurzaamheid en groener worden", leit dûmny Lieke Weima út.
"Dus dat kan een stap zijn die met het kerkgebouw te maken heeft, of activiteiten die je organiseert. Of dat je gemeenteleden stimuleert om zelf duurzamer te leven."
Vanuit ons geloof komen wij in actie voor het klimaat.
Dûmny Lieke Weima oer Christian Climate Action
Sels is Weima tige klimaatbewust en fiert se ek aksje. "In september heb ik nog meegedaan bij de acties in Den Haag tegen de fossiele subsidies."

Christian Climate Action

Weima is lid fan Christian Climate Action, in kristlike aksjegroep foar it klimaat.
"Zeg maar, het zusje van Extinction Rebellion. Alleen hebben wij een christelijke achtergrond en wij organiseren ook online vieringen via Zoom, waarbij we samen bidden en samen stilstaan bij wat er gebeurt in de wereld. Van daaruit komen wij in actie."
Dûmny Lieke Weima (tredde fan links) fiert aksje tsjin fossile brânstoffen
Dûmny Lieke Weima (tredde fan links) fiert aksje tsjin fossile brânstoffen © Dick Vos
Har klimaatbewustwêzen en har leauwen kinne net los fan inoar sjoen wurde, fynt Weima.
"Een van de basisregels in het christelijk geloof is: heb je naaste lief als jezelf. Als ik op het nieuws zie hoeveel mensen er op de wereld lijden onder de gevolgen van klimaatverandering: mensen die honger hebben, mensen die op de vlucht moeten voor bosbranden of overstromingen. Voor mij zijn dat ook mijn naasten, al ken ik ze niet."
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.