Draachmem Christa: "Prachtich dat ik Bas en Sander heit meitsje kinnen ha"

Se sitte noch wat op in rôze wolk: Bastiaan en Sander út Drachtster Kompenije. Sûnt trije wiken binne se 'heit en heity' fan Maeson, dy't berne is mei help fan draachmem Christa.
De manlju binne fiif jier troud. Dat se graach bern ha woene, wie al lang dúdlik en dêr wiene se ek al langer mei oan 'e gong. Earst ha se it besocht op in aparte ynternetcommunity foar winskâlden en draachmemmen, mar dêr fûnen se net in geskikte draachmem.
"Doe ha we de ûndogenske skuon oanlutsen en in oprop op Facebook pleatst", fertelt Bastiaan. Dêr kamen reaksjes op, ûnder mear fan Christa út Drachten.
Mar omdat der ek in reaksje by wie fan in frou út har eigen freonerûnte, binne se dêr earst mei yn see gongen. Christa kin dat goed begripe: "Ik snap dat hielendal. Ast elkoar al kenst, giet it makliker. Dus ik ha se in soad sukses tawinske."
Noch ien kear
Dat Christa reagearre op de oprop kaam net út it neat: "Ik ha sels twa moaie bern. Myn swangerskippen ferrûnen hiel maklik en ik fyn it sa'n ferriking fan myn libben, dat gun ik oaren ek. Dêrom hie ik al betocht dat ik wol draachmem wêze wol as dat oait op myn paad komme soe en dat hie ik ek al mei myn man bepraat."

It trajekt mei de freondinne fan Bastiaan en Sander slagget net. Op in bepaald stuit is se te âld en liket it derop de beide mannen harren bernewinsk opjaan moatte. "Doe ha we tsjin elkoar sein dat wy it noch ien kear besykje wolle. En as dat net slagje soe, dan is it spitich. Mar dan soene wy gewoan sa trochgean as no, want wy ha no ek in prachtich libben", seit Bastiaan.
Op 22 oktober 2022 dogge se opnij in oprop op Facebook en Christa reagearret ek wer. "Ik ha gewoan skreaun dat myn oanbod noch altyd stiet." Se leare elkoar kennen en ûntdekke dat se op ien line sitte. Boppedat is der in klik en se beslute it trajekt mei elkoar yn te gean.
De earste de bêste kear wie daliks raak.
"De earste de bêste kear wie daliks raak", laket Christa. "Dat wie ek in prachtich momint", follet Sander oan. "Christa die de test en joech ús it staafke en dan sjochst dat der twa streepkes op ferskine, geweldich!"

Der moat in soad regele wurde. As de poppe berne wurdt, binne Christa en har man automatysk de wetlike âlders. Sy steane it berntsje ôf en Bastiaan en Sander adoptearje it. Beide partijen hawwe in advokaat, want it moat allegear juridysk fêstlein wurde.
"Der sit folle mear oan fêst as de measte minsken witte", fertelt Sander. "En it kostet ek bêst wol in soad. En dat net allinne, ek de bernebeskerming hat by ús west foar in ynspeksje. Gelokkich is dat allegear goedkard, dus wy meie it popke wol daliks mei nei hûs nimme nei de berte."
DNA-test
Nei de berte moat der ek in DNA-test ôfnommen wurde om de biologyske heit fêst te stellen. "It moat foar de wet, mar it makket ús net út. It gefoel bliuwt itselde", seit Bastiaan dêroer.
Ik sjoch der nei út om Sander en Bastiaan heit te meitsjen mei it oerjaan fan it jonkje.
Dit saaklike en administrative part moat fansels goed regele wêze, mar der sit foaral ek in emosjonele kant oan.
Christa: "Dizze swangerskip is oars as myn oare swangerskippen. Omdat ik wit dat it berntsje net by my bliuwt. Fansels hâld ik fan him, mar dochs is it oars. Ik sjoch der net tsjin op om it popke aansten oer te dragen. Sterker noch: ik sjoch der nei út om Sander en Bastiaan heit te meitsjen mei it oerjaan fan it jonkje. Want sa stel ik my dat foar."

Op 21 oktober, nachts efkes nei trije oere wurdt Maeson berne. Sa't it fan tefoaren betocht wie, fertelt Christa. "Yn bad, mei Bastiaan, Sander en myn eigen man derby. Bastiaan en Sander hawwe him oanpakt". Nei de berte bliuwt Maeson earst even by Christa. "Om him kenne te learen. En dêr ha wy rêstich de tiid foar nommen".
En dan komt it momint dat Maeson nei Bastiaan en Sander giet. "Fan tefoaren tocht ik dat dat hiel emosjoneel wêze soe, mar dat wie it hielendal net. It gie krekt hiel rêstich. Wy wiene foaral hiel bliid en ferromme dat it sa goed ferrûn is allegear."
De emoasjes komme trije dagen letter. "Fan de kreamhelp hearden wy dat Christa hiel fertrietlik wie en dat die ek in hiel soad mei ús. Want dêr fielden wy ús wol ferantwurdlik foar. Troch ús tadwaan fielde se har sa", fertelt in sichtber oandiene Bastiaan.
"Wy hearden dat se ús hiel graach sjen woe en doe binne wy nei har ta gien. Wy hawwe alles sein wat wy sizze woene, wy ha gûld en elkoar oankrûpt."
Ik fielde my hiel fertrietlik.
Foar Christa hat dat in wichtich momint west. "Ik miste Bastiaan en Sander en lytse Maeson, ik fielde my hiel fertrietlik. En ek myn man hie der muoite mei. It wie hiel goed dat wy elkoar doe opsocht ha en dat alles der even út kaam. Dêrnei koene wy wer fierder."

Maeson is no trije wike âld en docht it hiel goed. "Hy groeit as koal", laket Sander. "It is in hiel tefreden mantsje en dat wy der nachts út moatte, went ek al." Foar alle partijen hat it in yntinse tiid west dy't úteinlik hiel goed útpakt is.
Sûnder Christa wiene wy gjin heit en heity wurden.
"Wy binne hiel gelokkich", fersuchtet Sander en Bastiaan follet oan: "En wy binne Christa oergryslik tankber. Sûnder har wiene wy gjin heit en heity wurden".
Ek Christa sjocht mei in goed gefoel werom op it ôfrûne jier. "Wy binne freonen wurden en hawwe in hiel bysûndere bân mei elkoar. Ik bin hiel grutsk op Bastiaan en Sander en ek op mysels en as 'tante Christa' tige wiis mei lytse Maeson."

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.