Knine-opfang yn De Blesse fernimt in ‘krystpyk’ yn dumpte kninen

In knyn yn de opfang yn De Blesse
In knyn yn de opfang yn De Blesse © Omrop Fryslân
It is smoardrok by de knine-opfang yn De Blesse. Dat in soad baaskes harren bistjes dumpe foar de simmerfakânsje is in tryst gegeven, mar dit jier is der ek om de krystdagen hinne in opfallende pyk.
Der binne gjin wolkomsbuorden, gjin logo's en gjin grut parkeerplak. 'Het Konijnenparadijs' yn De Blesse is hast net te finen.
"Dat is bewust", fertelt Bernice Kolk fan de stichting. Wie de knine-opfang sichtberder west, dan soene der grif kninen foar it stek dumpt wurde. De 65 kninen dy't de koaikes fan de opfang no folje, binne benammen ynbrocht troch meiwurkers fan de biste-ambulânsen yn Noard-Nederlân.
"Als zij een melding krijgen van een konijn dat opvang nodig heeft, dan komen ze naar ons toe."
Bernice Kolk
Bernice Kolk © Omrop Fryslân
"We hebben deze maand, vooral in de tweede helft, 19 konijnen binnengekregen." Guon fan de kninen binne yn in bosk fûn, wer oaren yn de berms fan de N359.
"Mensen willen ze kwijt voor de kerst". As se by de opfang de mooglikheid krije om mei de baaskes yn petear te gean, docht meast bliken dat jildneed de wichtichste oarsaak is. "Die reden is de laatste paar weken vaker naar voren gekomen dan anders."
Knine-opfang yn De Blesse fernimt in ‘krystpyk’ yn dumpte kninen
Boppedat hat it hâlden fan kninen mear om 'e hakken as in soad minksen tinke, leit Bernice út.
Sa moatte je eins noait mar ien knyn nimme, mar altyd twa. Om't it selskipsbisten binne, hawwe de bistjes ferlet fan fan de oanwêzichheid fan noch in knyn. "Maar je kan niet zomaar twee konijnen bij elkaar zetten. Je moet ze eerst aan elkaar koppelen."

Frijwilligers

Allinich al it keppeljen fan twa kninen kostet in wike tiid. Net gek dus, dat se by de opfang driuwend ferlet fan frijwilligers hawwe. "Zeker een handvol tot twee handen vol, die mogen er wel bij." De stichting ropt leafhawwers op om kontakt op te nimmen foar mear ynformaasje.