FIDEO: 1500 dowen en kninen op bistesjo yn Snits

Fûgelgryp, mar dochs in grutte doweshow yn Snits. Hoe sit dat?

Sa'n 1500 lytse bisten binne dizze dagen te finen by in grutte bistesjo yn de Veemarkthal yn Snits. Hinnen, kwartels en guozzen moatte fanwege de fûgelgryp thús bliuwe, mar dy maatregel jildt net foar dowen.

Dêr't bygelyks hinnen en wetterfûgels troch de Ryksoerheid as risikosoart oanwiisd binne, binne dowen dat net. Dowehâlders meie dêrom harren bisten ferfiere, meidwaan oan wedstriden en de fûgels ek bûten it hok loslitte. Karmaster Rikus kart wol 77 dowen.