Fiif jier nei de MSC Zoe: bûtenkânske foar jutters bliek miljeuramp

MSC Zoe
Rommel op it strân fan Skiermûntseach nei de kontenerramp mei de MSC Zoe © ANP
Wylst op 1 jannewaris 2019 de measte minsken oan it bekommen binne fan de jierwiksel en feestlikheden deromhinne, fart it kontenerskip MSC Zoe op de Noardsee boppe de Waadeilannen. It is ûnderweis nei syn einbestimming, de Bremerhaven yn Dútslân.
It wurdt ljocht op de iere moarn fan 2 jannewaris 2019. Jutters binne der betiid by en fine fan alles: fan lampepitten en boartersguod oant autoûnderdielen. Ien fan de jutters is Dirk Bruin. Hy fynt allegearre stadionstuoltsjes en in hiel soad bernejassen op it strân.
Bruin sjocht der dan noch fleurich nei: "Als de kleinkinderen komen, kunnen ze van baby tot lagere school in de jassen."
Wat er dan noch net wit, is dat it guod fan in miljeuramp is. Want op Flylân en Skylge spiele de earste fiif konteners fan de MSC Zoe oan.
Jutters Skylge
Jutters op it Skylger strân © Guus van Dieren
Werom nei in pear oeren earder: de rêst op de eilannen yn de jûntiid en nacht stiet yn skril kontrast mei wat him ôfspilet op it skip. Want der stiet in swiere stoarm en konteners begjinne te skowen en falle oerboard. Net ien, net tsien, net tritich. It binne der 342. Se soargje foar in grutte miljeuramp.

Guod fuorthelje

De eilanner autoriteiten binne dan ek minder optein as de jutters. Want by harren is yntusken dúdlik wurden dat der net fiif konteners yn see bedarre binne. Der wurdt op dat stuit sein dat it wol om tritich giet.
"Hier zijn we nog wel een tijdje mee bezig", seit boargemaster Bert Wassink fan Skylge. Jutters krije by útsûndering tastimming om mei de auto op it strân te kommen, om al it guod sa makliker fuorthelje te kinnen.
De MSC Zoe yn jannewaris 2019, nei't konteners oerboard slein wiene
De MSC Zoe yn jannewaris 2019, nei't konteners oerboard slein wiene © ANP
Healwei de moarn wurdt noch mear dúdlik oer wat de MSC Zoe oan board hie en wat yn de see bedarre is. Ek trije konteners mei de organyske, gemyske stof perokside binne fan board fallen. Oft dat fan in gefaarlike soart is, is net fuortendaliks dúdlik.
Yntusken binne der achttjin konteners fûn. Trije lizze op Flylân, fjouwer op Skylge, de rest leit tusken It Amelân en Skiermûntseach. Troch it stoarmwaar is piipskom nei it fêstelân waaid. De seedyk by Peazens-Moddergat leit der fol mei.

In ramp tekenet him ôf

Geandewei de dei wurdt de omfang dúdlik fan wat stadichoan in ramp neamd wurdt. En dy rekket foaral de eilannen. Boargemaster Tineke Schokker fan Flylân ropt minsken byinoar om te praten oer wat der dien wurde moat.
Pypskom by Moddergat
Pypskom by Moddergat © Anton Kappers
Ien ding is dúdlik: de mouwen moatte opstrûpt wurde om op te romjen. Flylân leit bygelyks fan east nei west oer it hiele eilân besiedde mei guod út konteners dy't oerboard slein binne fan de MSC Zoe. Yntusken is bekend wurden dat it gjin 30 konteners binne, mar 270.
De skok fan de ramp lûkt minsken nei de strannen en de seedyk. Se wolle helpe by it opromjen. De Kustwacht warskôget minsken om foarsichtich te wêzen. Want de trije konteners mei perokside, wêrfan't noch hieltyd net dúdlik is hoe gefaarlik oft it guod is, binne noch net lokalisearre.
Na een half jaar ligt een deel van de troep er misschien nog.
Doetiidsk boargemaster Bert Wassink fan Skylge
It is alle hens oan dek op de gemeentehuzen fan de Waadeilannen. Dêr meitsje se har klear om it opromwurk te koördinearjen. Want it besef is trochdrongen dat it net om in kwestje fan dagen giet dat se wurk ha fan dizze ramp.
"Na een half jaar ligt een deel van de troep er misschien nog", tinkt boargemaster Bert Wassink fan Skylge. De jutters helje guod fan wearde fan it strân, mar wat oerbliuwt is in soad troep, sjocht Wassink: "Veel plastic, veel piepschuim, daar zijn we nog lang niet klaar mee. Echt een hele trieste aanblik."
oprompje strân Skylge
Guod op it strân fan Skylge © De Vries Media
Op de dagen dy't folgje, reitsje grutte groepen minsken belutsen by it opromjen fan hûndertûzenen kilo's troep út de konteners fan de MSC Zoe.
It leger wurdt ynset. Rederij Doeksen organisearret foardielige oertochten foar minsken dy't helpe wolle. En yn de kwelders en lâns de seediken oan de fêste wâl, dêr't yntusken ek fan alles oanspielt, binne frijwilligers dagen dwaande om alle skea te werstellen.
BergingMSC1
Ien fan de bergingssskippen dy't begjin 2019 ladingresten fan de MSC Zoe fan de Noardseeboaiem ôfhelle © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Op see sykje skippen om fermiste konteners dy't dêr miskien noch driuwe. Want dy binne in gefaar foar de skipfeart. Want noch altiten spielt guod oan dat ôfkomstich is fan de MSC Zoe. Ynternasjonaal binne yntusken ôfspraken makke om de kâns op in werhelling safolle mooglik te beheinen.
Wat foar jutter Bruin yn de betide moarn fan 2 jannewaris 2019 dus hiel even op in bûtenkânske like, draaide út op in miljeuramp dêr't we fiif jier letter de gefolgen noch fan fernimme.
Op 2 jannewaris 2024 is it op de dei fiif jier ferlyn dat de ramp mei de MSC Zoe plakfûn. Omrop Fryslân stiet dizze dei stil by de ramp. Sjoch hjirûnder nei in oersjoch fan de gebeurtenissen yn 2019 en de jierren dernei.
Fiif jier nei de ramp mei de MSC Zoe