Europeesk Parlemint wol strangere regels foar skipfeart: "Elke container een GPS-tracker"

Strangere kontrôles yn de havens en skerpere Europeeske regels moatte it frachtferkear oer see feiliger meitsje. Dat wol de transportkommisje yn it Europeesk Parlemint.
Ut namme fan dat parlemint sil de Nederlânske Europarlemintariër Vera Tax fan de Partij van de Arbeid de kommende moannen oer twa nije Europeeske skipfeartwetten ûnderhannelje mei de Europeeske Kommisje en de 27 lidsteaten. Tax waard moandei troch de transportkommisje oanwiisd as rapporteur.
Tax stelde moandei yn de transportkommisje foar om alle seekonteners tenei ferplichte te foarsjen fan in GPS-tracker, sadat je se wer fine kinne as in kontener by stoarmwaar of in ûngelok oer board slacht.
"Elke container terugvinden"
By de miljeuramp mei de MSC Zoe bedarre mear as ien miljoen kilo ôffal yn de Noard- en Waadsee. "Wat toen gebeurde is natuurlijk afschuwelijk. Ik wil daarom daarom dat elke zeecontainer een GPS-tracker heeft, zodat je elke container die van boord slaat kunt terugvinden."

It Europeeske Parlemint hat sykje moatten nei mooglikheden om de wrâldwide skipfeartregels fan International Maritime Organisation (IMO) oanskerpje te kinnen. "Door het invoeren van haveninspecties hebben we de mogelijkheid om, samen met Canada, de regels net wat strenger te maken", fertelt Tax.
In kontenerskip ûnder Panameeske flagge dat in Europeeske haven oandwaan wol, sil dan ek de nije Europeeske regels folgje moatte, sa is it foarstel. Tax wol besykje om it noch foar de Europeeske ferkiezings fan juny 2024 mei de lidsteaten en de Europeeske kommisje iens te wurden oer de nije skipfeartregels.
Tûkere kontrôles
Tax pleitet ek foar tûkere kontrôles, by foarkar digitaal. It is no noch foldwaande as in frachtskip de ynformaasje oer lading en skip op papier op oarder hat. It digitaal oanleverjen fan ynformaasje is noch net ferplichte. Tax wol dat sa gau mooglik feroarje. "Als de gegevens digitaal op orde zijn kun je bij een calamiteit veel sneller adequaat reageren."

Ek foar de belutsen rederij kin it digitaal oanleverjen fan ynformaasje foardielich wêze. Skippen dy't de ynformaasje goed op oarder hawwe, kinne dan rapper ôfhannele wurde. By skippen dy't it net op oarder hawwe, sil dat langer duorje. "Het digitaal aanleveren van informatie is nu nog vrijwillig. Laten we dat verplicht maken", seit Tax.
De miljeuramp mei frachtskip MSC Zoe flak boppe de Waadeilannen yn jannewaris 2019 wie neffens Tax foar it Europeesk Parlemint oanlieding en motivaasje om wurk te meitsjen fan strangere regels foar de skipfeart. Tax wurdt yn har stribjen nei regels foar in feiliger skipfeart stipe troch ûnder oare de kristendemokratyske en liberale fraksje yn it Europeesk Parlemint.
Ek lidsteat Nederlân wol graach in feiliger skipfeart, seker nei de grutte brân op autofrachtskip Fremantle Highway by It Amelân, de ôfrûne simmer. De Noard- en Waadsee ûntsnapten doe mar krekt oan in nije miljeuramp.
Elektryske auto's
Tax pleitet foar dúdlike noarmen foar it feilich ferfieren fan elektryske auto's. "De opkomst van een nieuwe techniek als de electrische auto laat zien dat er normen moeten komen voor het veilig vervoeren van dat type auto. Ik heb begrepen dat de International Maritime Organisation hier aan werkt."

Neffens de analyze fan de Europeeske Kommisje wurdt sa'n tachtich persint fan de ûngelokken op see feroarsake troch in minsklike flater. Mar ek hjir kin it neilibjen fan regels de kâns op flaters lytser meitsje, tinkt Tax. "Mensen zijn lang aan boord en werken lange dagen. Het is belangrijk dat mensen goed uitgerust aan het werk gaan. Ook daarop moet goed gecontroleerd worden."
Tax is fan betinken dat de European Maritime Safety Agency hjir mear omtinken oan jaan moat. Ek yn de oplieding fan de ynspekteurs soe hjir mear oandacht foar wêze moatte.