Ynspeksje set drones yn by kontenerskippen: lading by in fjirde net goed fêstset

De Inspectie Leefomgeving en Transport set drones yn foar kontrôle en dat docht fertuten. Ferline jier die by in fjirde fan de kontrolearre kontenerskippen bliken dat konteners net hielendal fêstset wie sa't it heart.
De ynspeksje is ûnderdiel fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. Yn 2021 hat de ynspeksje as proef foar it earst drones brûkt, nei oanlieding fan de kontenerramp mei de MSC Zoe. Om't dat suksesfol wie, hat de tsjinst ferline jier wer it Aero-sensing droneteam ynset.
Under de drones hingje kamera's dy't fan boppen ôf foto's meitsje fan kontenerskippen.

Fan de 44 kontenerskippen wêrfan't de lading kontrolearre is, wiene der 11 skippen dy't har konteners net of net goed fêstset hiene. Uteinlik hawwe der trije skippen west wêrby't echt in oertrêding registrearre is.
It koe ek gean om bygelyks in ladingkompjûter mei in net-goedkarde rekkenmodule of in gefal wêrby't it net oerienkaam mei it Cargo Securing Manual, dy't oanjout hoe't de lading oan board komme moat.
Effisjinte kontrôle
Neffens ILT-direkteur Karin Visser is de ynset fan drones effektyf. "Het biedt ons de mogelijkheid om overtredingen te constateren, terwijl het containerschip blijft varen. De bemanning wordt dan niet gestoord in hun werk."
Ynspekteurs hawwe by 13 skippen oan board west, nei't mei de drone like dat der op 21 skippen mooglik sprake wie fan tekoartkommingen. Acht skippen koene net mear kontrolearre wurde om't sy alwer trochfearn wiene.

De ynspeksje fiert de kontrôle út troch mei oan board te gean fan skippen fan de Kustwacht. De needhelpslepers fan de Kustwacht kinne prima as platfoarm tsjinje foar de drones. Sa kin it tafersjoch op see effisjint regele wurde.
Gearwurking mei de Kustwacht
Edwin Granneman fan de kustwacht fertelt dat it in gearwurking is. "Als Kustwacht hebben wij verschillende handhavingstaken met de politie, douane, marechaussee en ILT. De ILT wilde graag containerschepen controleren op de sjorringen."
Dat barde yn it begjin mei helikopters. "Een luchtwaarnemer van de Kustwacht vloog mee en maakte foto's. Maar het was een politiehelikopter en die was steeds minder beschikbaar. Daarom zijn we op zoek gegaan naar nieuwe manieren." Mei drones kin it no flugger en faker.
By de Waadeilannen
Yn de pilotfaze lei de fokus benammen op de havens fan Rotterdam en Amsterdam, mar dêr bliuwt it net by, seit Granneman. "We sluiten niet uit dat we er dit jaar ook een vervolg aan geven boven de Waddeneilanden."
Ferline jier hat it droneteam sân kear op 'en paad west. Foar dit jier steane der al tolve kontrôlen op de planning.