Kwelderproef fan it Wetterskip sabotearre: wrotmûskes liftsje mei

In wrotmûs (argyfbyld, net ien fan de dieders)
In wrotmûs (argyfbyld, net ien fan de dieders) © ANP
It ûndersyk fan Wetterskip Fryslân is bot pleage troch wrotmûskes. Yn septimber binne grutte stikken kweldergrûn út de Peazemerlannen helle, mar it die bliken dat de grûn flink fergroeven is troch de wrotmûs.
It is in ûnferwachte hindernis foar it projekt, dat rjochte is op ûndersyk nei kwelderfegetaasje. In pear hûndert kante meter oan bûtendykse grûn is by Peazens-Moddergat weihelle en nei Delft ta brocht.

De krêft fan weagen teste

Yn 'e mande mei TU Delft, Deltares en Universiteit Twente soe ûndersocht wurde wat it effekt fan in kwelder is op de krêft fan weagen. It kweldergers en it foarlân soargje der mooglik foar dat de weachkrêft ôfnimt. Mocht dat sa wêze, kin Wetterskip Fryslân de resultaten wer brûke by de oanlis fan diken.
De Deltagoot, dy't in flinke stoarm 'neimeitsje' kin
De Deltagoot, dy't in flinke stoarm 'neimeitsje' kin © ANP
Dy grûn soe yn de saneamde 'Deltagoot' test wurde. Dêryn kin mei ekstreme weagen in grutte stoarm neimakke wurde, om mjitte te kinnen wat it effekt fan planten is yn de kwelder.

Mûskes liftsje mei nei Delft

It materiaal waard yn meardere bakken fan ferskate ôfmjittings nei Delft ta brocht. Dêr bliek lykwols dat de wrotmûs in grutte saboteur wie. De mûskes binne meilifte fan Peazens nei Delft.
Troch it gegraaf binne de bakken mei grûn net langer geskikt foar de proef. De bakken mei kweldergrûn moatte ferfongen wurde troch nije eksimplaren. "We halen deze week tien nieuwe blokken", seit Barry Ros fan it Wetterskip.
Dêrby wurdt net fan tefoaren checkt op wrotmûzen. "Maar we houden het wel in de gaten. Het is toch een stukje natuur waar we mee werken. De blokken worden in Delft apart gezet. Als blijkt dat er geen muizen in zitten kan het gebruikt worden."

Nochris by Holwert

Ein desimber wurdt nochris 50 kante meter kweldergrûn fuorthelle. Dit bart dan krekt bûten de dyk by Holwert, op grûn fan It Fryske Gea. It stribjen is om de proef noch gewoan troch te setten yn jannewaris, as der net op 'e nij sprake is fan spulbrekkers.
Sa waard de grûn yn septimber fan de kwelder helle: