Kwelder ferhuzet fan Moddergat nei Delft om út te finen oft it weagen brekt

Wetterskip Fryslân lit ûndersykje wat it effekt fan kwelders is op de krêft fan weagen. Dêrfoar wurdt der spesjaal grûn út Peazens-Moddergat wei nei Delft ta brocht.
As út it ûndersyk bliken docht dat kweldergers en it foarlân fan diken in ôfswakkende wurking hat op weagen, dan hoege diken mooglik minder romte yn te nimmen.
Wetterskip Fryslân docht it ûndersyk yn 'e mande mei Deltares, Universiteit Twente en TU Delft. Yn septimber hellet it wetterskip blokken mei grûn út it bûtendyks lân oan de eastkant fan Peazens-Moddergat.
Dy grûn wurdt nei in saneamde 'Deltagoot' brocht yn Delft: dêryn kin mei ekstreme weagen in grutte stoarm neimakke wurde. Sadwaande kinne ûndersikers mjitte wat it effekt is fan planten yn de kwelder.

Op bûtendyks lân groeit faak seetaaite ('zeekweek'), in blaugrize gerssoart dy't in bydrage leverje kin oan de wetterkearende funksje fan de dyk. Dêrneist hâldt it gers by heechwetter ek slyk fêst en groeit it mei de seespegelstiging mei.
It kweldergers en it foarlân soargje der mooglik foar dat de weachkrêft ôfnimt. Mocht dat sa wêze, dan kinne wetterskippen it ûndersyk brûke foar it ûntwerpen fan diken.
Utstekke yn septimber
It útstekken fan de grûn bart fan 4 septimber ôf en duorret nei alle gedachten hiel septimber noch. Yn totaal wurdt der sa'n 270 kante meter grûn útstutsen.
Frachtweinen bringe de grûn nei Delft, dêr't ein dit jier de testen mei de weagen yn de Deltagoot plakfine.