Netwurk foar hannel yn yllegaal fjoerwurk ûntmantele: "Eksplosiven mei kracht granaat"

Telegramgroepen dy't offline helle binne
Telegramgroepen dy't offline helle binne © Omrop Fryslân
De plysje hat in netwurk foar hannel yn yllegaal fjoerwurk dat beheard waard troch in minderjierrige jongen út Noardeast-Fryslân offline helle. It netwurk dat aktyf wie op Telegram bestie út fjouwer groepen mei yn totaal njoggentûzen leden.
Dat der op grutte skaal hannele wurdt yn yllegaal fjoerwurk, is gjin ferrassing foar de plysje, seit wurdfierder Thijs Damstra fan de plysje Noard-Nederlân. "Dat dy groepen besteane, is bekend. Fia it nûmer fan de behearder koenen we yn dy groepen komme. Doe die bliken dat der fjouwer groepen oan elkoar te linken wienen."
"De data út de groepen ha we feilichsteld. Der wurdt no fierder ûndersyk nei dien. It giet ús der benammen om dat we de hannel fersteure, dat bart no ek."
Plysjewurdfierder Thijs Damstra
Plysjewurdfierder Thijs Damstra © Omrop Fryslân
Der binne noch gjin persoanen oanholden, mar de minderjierrige behearder fan it netwurk wurdt op koarte termyn wol heard troch de plysje. De jonge út Noardeast-Fryslân wurdt fertocht fan it fasilitearjen fan de hannel yn it ferbeane fjoerwurk.

'Telegram is reedlik anonym'

Telegram is in berjochtetsjinst dy't te fergelykjen is mei WhatsApp, mar hat in bettere befeiliging. Likegoed slagge de plysje deryn fia de telefoan fan de behearder tagong te krijen ta de groepschats fan de Telegramgroepen. "Fia Telegram kinst reedlik anonym dyn hannel dwaan", seit Damstra.
Neffens Damstra waard ûnder oare hannele yn fjoerwurk dat like krêftich is as eksplosiven. "It giet om eksplosiven mei soms de krêft fan in granaat."
Neidat se tagong krigen hienen ta it netwurk, waard troch de plysje it ûndersteande berjocht pleatst:
"Door een team specialisten van de politie is deze groep onlangs overgenomen en is alle data veiliggesteld. Het professioneel (illegaal) vuurwerk dat wordt verhandeld in deze groep is zeer explosief en vormt een gevaar voor anderen en voor jezelf. Stop met deze activiteiten. Je bent gewaarschuwd!!! Op het aanbieden, handelen, in bezit hebben en binnen Nederland brengen van professioneel (illegaal) vuurwerk staat een gevangenisstraf van max. zes jaar.
Wanneer illegaal vuurwerk bij jou in de woning wordt aangetroffen, kan een verhuurder of hypotheekverstrekker de huur/hypotheekovereenkomst opzeggen. Daarnaast kan de gemeente bestuurlijk optreden en de woning sluiten.
Verknal je toekomst niet met illegaal (professioneel) vuurwerk. Wanneer je gepakt wordt met zulk vuurwerk zal een Verklaring Omtrent Gedrag (VOG) worden afgewezen.
Het genoemde vuurwerk betreft professioneel vuurwerk van de categorie F3 en/of F4 en mag uitsluitend door personen met gespecialiseerde kennis op het gebied van professioneel vuurwerk of pyrotechnische artikelen voor theatergebruik opgeslagen worden, voorhanden worden gehouden of tot ontbranding worden gebracht."
De Telegramgroepen dy't no ûntmantele binne, hienen nammen lykas 'Vuurwerkspot' en 'PyroSpot'.
Damstra: "It is net sa dat yn in lyts groepke in protte fjoerwurk oanbean wurdt. Yn de groepen waard hannel fasilitearre: minsken koenen in oprop pleatse of minsken yn kontakt bringe mei hannelers. Dat barde ek. It is net sa dat der ergens ien opslach is, mar der binne wol opslaggen. Dêr dogge we ûndersyk nei."
Ferline jier ûntmantele de plysje ek al in groep yllegale fjoerwurkhannelers op Telegram. Yn dy groep sieten 700 leden. Doe waarden twa minsken út Achtkarspelen oanholden.