Omrop Fryslân

Twatal bewarret yllegaal fjoerwurk yn hûs âlden: "Er hadden doden kunnen vallen"

De âlden wisten net dat it fjoerwurk in hûs lei
© Shutterstock.com
Twa manlju fan 21 jier dy't ein 2020 yllegaal fjoerwurk yn hûs bewarren, binne feroardiele ta wurkstraffen fan 80 en 120 oeren. De ynwenners fan Langsweagen en Tsjummearum hiene in part fan it fjoerwurk opslein yn de wenning fan de âlden fan earstneamde.
De âlden wisten fan nearne fan. Op de sliepkeamer fan de fertochte leine 140 nitraten en trije cobra's (djiptebommen).

Snapchatberjochten

De Tsjummearumer waard oanhâlden nei anonime tips oer mooglike fjoerwurkhannel. Njonken syn wenning, die de plysje yn novimber 2020 ek ynfallen yn twa oare wenningen yn Tsjom.
It hie der alle skyn fan dat de Tsjummearumer hannele yn fjoerwurk, sa seit de rjochter. Dat die bliken út Snapchatberjochten. De fertochte ûntkende. De plysje trof gâns fjoerwurk oan, genôch om te ferhanneljen, fûn de rjochter: "Mijn gevoel zegt dat dit voor de verkoop was bedoeld."

Krêft fan hângranaten

Beide fertochten hiene neffens de rjochter in gefaarlike situaasje kreëarre. Oer de Langsweachster sei de rjochter: "Wat als er thuis brand was uitgebroken. Dit vuurwerk heeft toch de kracht van een tiental handgranaten, dan vallen er doden."
Hy waard feroardiele ta in wurkstraf fan 80 oeren en in finzenisstraf fan twa moanne ûnder betingst.
De oare fertochte moat 120 oeren om 'e nocht wurkje. Hy hat acht dagen yn foararrest sitten, mar hoecht net werom nei de finzenis. Yn in proeftiid fan twa jier hinget him noch wol in selstraf fan 72 dagen ûnder betingst boppe de holle.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.