Bylden fan oerfal op tankstasjon yn Snits smyt nije ynformaasje op

De plysje giet troch mei it ûndersyk © Shutterstock
De plysje hat nije ynformaasje oer de oerfal op in tankstasjon yn Snits op 2 septimber.
Troch it dielen fan de kamerabylden krige de plysje genôch tips om troch te kinnen mei it ûndersyk.
Op de bewuste jûn bedrigen twa oerfallers de pompmeiwurker mei in mes. Neidat de meiwurker wegere jild te jaan, flechte it duo rjochting it Swettebosk. Dêr pakten se de fyts en smiet ien fan de fertochten syn rêchsek fuort.
De fertochten binne neffens de plysje jonge wite manlju tusken de 15 en 20 jier.