Omrop Fryslân

De Tocht ferdielt resinsinten: fan "prachtig" oant "alom rammelend"

© Joris van Bennekom
Fryske en Hollânske resinsinten binne bot ferdield yn harren oardiel oer de musical De Tocht. De typearringen fan it teäterspektakelstik oer de Alvestêdetocht rinne útein fan 'bijzondere voorstelling' (LC) en 'prachtige beelden' (Trouw) oant 'flinterdunne verhaallijnen' (Telegraaf) en 'rammelende inhoud' (AD).
De Tocht, in musical dy't giet oer 'De tocht der tochten', lit sjen wat foar in barren oft in Alvestêdetocht is. It wurdt opfierd yn it Friso Theater yn Ljouwert, dêr't romte is foar hast 1500 besikers. Om de tribune hinne leit in draaiende iisbaan, grutte skermen foarmje de eftergrûn.
Trouw set útein mei "Spektakel over de Elfstedentocht drijft op prachtige beelden" en jout de foarstelling fjouwer stjerren. Neffens resinsint Bianca Bartels wurdt it publyk troch de meters grutte projeksjeskermen "het verhaal en vooral de sfeer in [...] getrokken". Trouw neamt De Tocht in grutter spektakel as Soldaat van Oranje, mar fynt it ferhaal wol folle tinner.
Foar resinsint Harrie Nijen Twilhaar fan de Telegraaf reden om de musical trije stjerren te jaan.
In sêne fan De Tocht
© Joris van Bennekom
De Telegraaf fynt dat De Tocht "groots uitgevoerd" wurdt, mar pleatst der in pear flinke krityske kanttekenings by. "Dat het verhaal gaat over afzien, passie en verbroedering komt weliswaar grotendeels uit de verf", skriuwt Nijen Twilhaar. "De verhaallijnen zijn echter flinterdun."
Projeksjes op de grutte skermen en rûnridende reedriders meitsje it neffens de Telegraaf-resinsint net maklik om de holle by de ferhalen te hâlden.
It AD lit net in soad hiel fan de musical. "Torenhoog waren de verwachtingen [...] over De Tocht. Wat is het dan jammer dat de makers alleen maar aan de zeer geslaagde vorm hebben gedacht en amper aan de alom rammelende inhoud."
© Joris van Bennekom
It ferhaal komt neffens Jeroen Schmale fan dy krante mar dreech op gong. "Het spel is erg matig", stelt de resinsint fêst. "Ook dat van Van Beurden (Nandi, haadrolspiler red.) de grote naam uit deze cast." Dat der boppedat Frysk praat wurdt op foar it publyk "cruciale momenten", makket it neffens him allegear net makliker. Twa stjerren krijt De Tocht fan it AD.
"De personages en liedjes zijn inwisselbaar", is te lêzen yn de Volkskrant. De om de tribune hinne draaiende iisbaan makket ek net in soad yndruk op resinsint Hein Janssen. "Het is een kwartiertje imposant, maar op den duur ook nogal saai", skriuwt er. Lykas it AD lit de Volkskrant it by twa stjerren.

Untfangst tichterby

Mar dan is dêr de resinsje fan de Ljouwerter Krante. Loovjend en priizgjend. "Musical van bijzondere klasse", is de kop. Wim Vervoort priizget praktysk alles oan de foarstelling. Ek de grutte projeksjeskermen, dy't neffens him soargje foar "onvergetelijke en ontroerende beelden".
"Deze musical verdient het om heel lang in Leeuwarden te blijven."
Resinsint Wim Vervoort, Ljouwerter Krante
"Alles klopt bij de uitvoering", skriuwt de LC. De krante jout De Tocht de maksimale skoare: fiif stjerren. "Deze musical [...] verdient het om heel lang in Leeuwarden te blijven."
Yn de resinsje fan Henk te Biesebeek by Omrop Fryslân klinkt ek entûsjasme troch. "In spektakel fan formaat", fettet Te Biesebeek gear. Hjir en dêr pleatst er wol in krityske noat. Der sitte aardich wat lagen yn it ferhaal, fynt er. "Faaks krekt wat te folle lagen."
In sêne foar de Wetterpoarte yn Snits
© Joris van Bennekom
It is in grut kontrast. Yn Fryslân in plom, dêrbûten minder goed begrepen. In ferskil dat noch dudliker wurdt as Vervoort it gebrûk fan Frysk en Nederlânsk yn de musical beneamt. "Gelukkig is [...] gekozen voor een natuurlijk aanvoelende afwisseling van Fries en Nederlands." Te Biesebeek slút him dêr hielendal by oan.
Hoe't it kin dat de musical sa ferskillend ûntfongen wurdt, bliuwt rieden. Wurdt de sjogger makliker meinommen yn it ferhaal as er der sels ek mear fan wit? It soe kinne. Of is it dochs it gebrûk fan Frysk yn dialogen en ferskes? Miskien binne de ferhaallinen krekt wat tsjokker as je it Frysk wol fersteane.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.