Omrop Fryslân

Resinsje musical De Tocht: In spektakel fan formaat

© Omrop Fryslân
Prachtich as yn de musical De Tocht de reedriders oer de finish op de Bonkefeart komme, hoe't dan it publyk as ien man oereinkomt. Net langer allinnich taskôger fan in skouspul, mar in dielnimmer wurden, dy't dizze meunstertocht ta in ein brocht hat. Mei-elkoar! In steande ovaasje.
Musical De Tocht is in teäterproduksje dêr't Fryslân grutsk op wêze kin. Goed, mei rom acht miljoen euro hinget der in behoarlik priiskaartsje oan dizze foarstelling. Mar bliksem, wat in fantastyske bylden krijt it publyk derfoar te sjen. In fisueel spektakelstik!
Fia grutte fideoskermen wurdt it publyk meinommen op dy barre tocht lâns de alve Fryske stêden. En priuwt sa net allinnich de gesellige sfear ûnderweis, mar makket ek it lijen fan de riders echt mei. Knoffeljend oer bonkich iis, ferbline troch swiere sniebuien. En as dan ek noch mei in saneamd 4D-effekt in snijende wyn troch de seal waait, wurdt dat pynlik ôfsjen fan de toerriders letterlik taastber.
De Tocht is benammen in fisueel spektakelstik
© Joris van Bennekom
En der komme nochal wat reedriders foarby. In groep fan sawat hûndert figuranten draait drystmoedich syn rûntsjes oer it iis. Mooglik makke troch in iisbaan mei in oerflakte fan hast 3.000 kante meter, dy't fia in yngenieuze konstruksje om de tribune hinne draait.
It dekôr is net langer statysk, mar begjint te libjen en lûkt de taskôger dêrtroch middenyn de foarstelling. Ien fan de hichtepunten dêrby is bygelyks de sinne-opgong by de Sleattemer Mar. In totaalbelibbing fan formaat. It tilt de musical op in nivo dat in ferliking mei alle grutte teäterproduksjes út it westen fan it lân maklik wjerstean kin.
De riders komme foarby oer in yngenieuze iisbaan om it publyk hinne
© Joris van Bennekom
Dochs like skriptskriuwer Allard Blom net oertsjûge fan de krêft fan de Alvestêdetocht op himsels. Hy keas foar in soad lagen yn syn ferhaal oer in freonegroep út Wergea. Faaks krekt wat te folle lagen. Yn har bernetiid wiene de trije jonges en twa famkes fan dizze groep sljocht op reedriden en ha doe mekoar tasein dat as der ea in Alvestêtocht komme mocht, dy dan mei-inoar te riden.

Untdekkingstocht

En jawol. It is 2023 en it is wier safier. De sechtsjinde Alvestêdetocht sil wêze. De bern binne yntusken folwoeksen wurden en ha allegear in eigen libben opboud. Mei al syn swierrichheden en obstakels. De Alvestêdetocht blykt dan in ûntdekkingstocht om te sjen oft de bân fan eartiids noch bestiet. Wat is der noch oer fan harren freonskip?
Nandi van Beurden as Annet: "Samen alleen"
© Joris van Bennekom
En dan komt it ien en oar foarby. Toe mar. De bruorren Sjoerd en Pieter binne brûllearre en ha mekoar al tweintich jier net mear sprutsen, freon René hie in suksesfolle kroech op Ibiza, mar is fallyt gien. De bliere sjoernaliste Kristien sit mei in mislearre houlik en Annet, de frou fan Sjoerd, blykt ûngenêslik siik, mar wol dat foar de oaren net witte.

Laits en trien

Fansels, in goeie musical kin net sûnder in laits en in trien. Mar och hitskes, alles byinoar opteld, wurdt it sa wol hiel folle. Want de soan dy't de pleats net fan heit oernimme wol, mar mear fan de wrâld sjen wol, hat noch in geheim wêrmei't hy syn âlden en broer net konfrontearje woe.
En dan is der noch in sechsde persoan, dy't oan de freonegroep taheakke wurdt. De widner Jelmer, dy't de jiske fan syn ferstoarne frou Boukje op ferskate plakken ûnder de tocht útstruie wol.
Maike Boerdam en Thijs Meester oandwaanlik as Boukje en Jelmer
© Joris van Bennekom
It is dreech om dan te kiezen tusken safolle emoasjes. Dêrtroch is it ek lestich om as publyk in bân mei de personaazjes op te bouwen. Dat dit bytiden wol slagget, is net allinnich te tankjen oan it oertsjûgjende toanielspul fan de spilers sels, mar benammen ek troch de treflik spile muzyk.
Foarmjûn yn wier oandwaanlike lieten as Sjoch my, songen troch Maike Boerdam en Thijs Meester en it emosjonele slotliet Samen alleen. Moai brekber songen troch Nandi van Beurden as Annet: "Nooit meer eenzaam, maar samen alleen." Der hiene wat my oanbelanget mear fan dit soarte mominten yn de foarstelling sitte mocht.
Moai oars hoe't linich en natuerlik Hollânsk en Frysk troch mekoar hinne brûkt wurde yn dizze musical. Sawol yn de lietteksten as it sprutsen wurd. Top.
Emoasje by it publyk as de spilers oer de finish komme
© Joris van Bennekom
In komplimint is hjir op syn plak foar de muzyk, komponearre troch Ad van Dijk en Sytse Broersma, dy lêste yn Fryslân benammen bekend fan De Kast. De toets fan dizze komponist fan popmuzyk bliuwt de hiele jûn dúdlik werkenber en leit dus oer it generaal noflik yn it gehoar.

Live

Moai ek dat dy muzyk live spile wurdt ûnder lieding fan Jeroen Sleijfer. Spitich dan wer dat de muzikanten net yn de saneamde orkestbak sitte foar it poadium, mar earne achter de kûlisen yn in aparte romte. Foar it publyk ûnsichtber. Neffens my hie de ynteraksje tusken spilers en orkest in wolkomme tafoeging west oan it gehiel.
Mar sa't ik earder sei. Dat gehiel liicht der net om. De Tocht is in hearlike musical wurden, dy't benammen fisueel grutte bewûndering ôftwingt. En in besite foar in twadde of tredde kear rjochtfeardiget. Safolle moais is der te sjen, de hiele jûn lang. En te hearren fansels. Fryslân op syn bêst!

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.