Resinsje De Heksen: Iepenloftspul Akkrum yn tovereftich dekôr smakket nei mear
Akkrum hat bepaald gjin grutte namme yn de wrâld fan de iepenloftspullen. It komt sûnder mis trochdat it doarp pas foar de twadde kear in iepenloftspul delset.
En dat ek nochris njoggen jier nei de earste edysje. Fan in gebrek oan ûnderfining by de spilers en makkers is lykwols net folle te fernimmen en dat jout perspektyf foar de takomst.
It iepenloftspul fan Akkrum wurdt ek dizze kear opfierd yn de tún fan it monumintale wenkompleks Coopersburg, in prachtige lokaasje foar teäter.
Roald Dahl
It stik is basearre op it populêre berneboek The Witches út 1983 fan de Britske skriuwer Roald Dahl. Regisseur Job de Roo út Ljouwert hat it ferhaal sels bewurke ta iepenloftspul De Heksen. Dat is him wol tafertroud, want ferline jier wûn er noch de Gouden Gurbe foar it iepenloftspul Peer Gynt.
As it jonkje Boy út Akkrum mei syn âlden op fakânsje is yn Noarwegen ferliest er syn heit en mem by in autoûngelok. Hy bliuwt allinnich efter by syn Noarske beppe, dy't him allegear ferhalen fertelt oer heksen. Dy binne hiel gemien en ha in ôfgryslike hekel oan bern.
Gjin puntmûtse en biezem
Heksen binne net te herkennen oan in swarte puntmûtse en in biezem, mar sjogge der eins hiel gewoan út. Al ha se wol wat nuvers, want se skrabje faak oan 'e holle en ha altyd wanten oan.
It earste part fan de foarstelling spilet him ôf oan de wetterkant, mei útsjoch oer de greiden. It docht miskien mear oan Fryslân as oan Noarwegen tinken. It natuerlike jûnsdekôr past lykwols moai by it oandwaanlike liet fan Boy, spile troch Tiede Hellinga, oer it gemis fan syn heit en mem. Hy besjongt it mei brekbere stim op de klanken fan it nûmer Tears in Heaven fan Eric Clapton.
Fan Noarwegen nei Akkrum
Boy moat werom nei Akkrum, mar soarchsume beppe (Anneke Wiersma) lit him net allinnich gean. En ek it publyk reizget gewoan mei nei it fiktive Hotel Coopersburg. It is in kreatyf intermezzo, mar hiel flot ferrint it ferhúzjen fan sa'n trijehûndert taskôgers net. It is skande dat dit it tempo wat út de foarstelling hellet. It mearkeëftige dekôr dat wachtet, makket lykwols in soad goed.
Regisseur De Roo hat goed oanfield dat de sfearfolle parktún fan Coopersburg net in soad dekôrstikken nedich hat. Moai ljochtwurk, reekmasinen en in pear echte flammewerpers flakby de tribune soargje foar de perfekte ambiânse en sels in bytsje waarmte. Lit dy heksen mar komme!
Op it twadde 'poadium' fan de foarstelling is it tiid foar spektakel. Der bart fan alles, mar it groepke jonge fertellers wit it publyk foar en nei it skoft goed by de les te hâlden. De heksen binne ek yn Hotel Coopersburg, foar harren jierlikse gearkomste. Se swinge bytiden de panne út ûnder lieding fan de oertsjûgjende, strieminne Opperheks (Joke Poortman).
Boy en it aaklike, fretterige jonkje Bruno (fermaaklik spile troch Benjamin Prins) wurde troch de heksen feroare yn mûzen. De Opperheks hat dêrfoar in drankje makke, mei de namme Formule 058. Mei dat drankje wol se alle bern fan Fryslân ferdwine litte.
Safier komt it fansels net, want ek al is Boy no in mûske, hy kin noch altyd tinke en prate as in jonkje. Mei help fan syn beppe wit er mei sukses de gemiene heksen út te skeakeljen en komt der in ein oan de plannen fan de Opperheks. Uteinlik is it goede sterker as it kwea en oerwint de leafde alles.
Al mei al in moai ein oan in ûnderhâldende foarstelling fan Dreamteater Akkrum. It sjongen gie sa no en dan wat wifeljend, mar it entûsjasme spatte derfan ôf by de spilers. De ûntlading nei twa útstelde premjêres fanwege it minne waar wie goed sichtber. It soe moai wêze as it folgjende iepenloftspul yn Coopersburg net wer njoggen jier op him wachtsje lit.