Resinsje #Maten: Dekôr fan alluere hâldt Iepenloftspul Jorwert oerein

Foar it Jorwerter iepenloftspul #Maten wurdt weromgrypt op de suksesfoarstelling #Freonen út 2021. Ek ditkear steane de akteurs wer garant foar oansteklik toaniel. Al krijt de foarstelling mei de yntroduksje fan de Albaneeske ûnderwrâld wol hiel bot it gehalte fan in 'lach-of-ik-schietshow'.
It liket in bytsje sneu. As frege wurdt hoe't je de foarstelling fine en it antwurd is: it dekôr is prachtich! Mar it is Ekko de Bakker gewoan wer slagge en meitsje foar it iepenloftspul fan Jorwert in fantastysk poadiumopbou.
In dekôr dat de foarstelling net allinnich moaier makket, mar ek byinoar wit te hâlden. Sterker noch, oerein hâldt.

Dat wol net sizze dat de foarstelling sels net goed wêze soe. Der bart fan alles en der wurdt knap spile. Mar dochs ûntbrekt der wat.
Neam it betsjoening. It stikje magy, dêr't Jorwert gewoanwei dochs it patint op hat. #Maten, de jubileumfoarstelling fan it Jorwerter iepenloftspul, dat 70 jier bestiet, bliuwt no oer it generaal oan de oerflakte hingjen.
Gouden Gurbe
Tjerk Kooistra hat it oars foarôf dúdlik oanjûn: #Maten is net in ferfolch op #Freonen fan twa jier lyn. It ferhaal oer fiif freonen dy't doe op in kantelpunt yn har libben stiene, net goed wisten hoe't se mei de takomst oan moatte en help sochten en krigen fan har âld skoalmaster.
In foarstelling mei emoasje en djipgong, dy't net foar neat in Gouden Gurbe krige foar de bêste foarstelling fan dat jier.

#Maten giet wol oer dyselde groep fan freonen. Mei deselde persoanen. Alder no en troch it libben en de leafde skansearre. Se wenje mei-inoar yn it âlde skoalgebou fan har bernetiid, dat yntusken transformearre is ta in soarte appartemintekompleks.
Se wolle har der eins net by dellizze dat har libben en karriêres mislearre lykje. En roppe op 'e nij de help yn far har âld-skoalmaster om wer op it goeie spoar te kommen.
Komeedzje
Kooistra hat dit kear folslein keazen foar de humor yn in soarte fan misdiekomeedzje. In humoristysk ferhaal dat de gek hat mei hiel wat maatskiplike issues fan hjoed-de-dei.
Gean der mar oanstean: boeren, homo's, moslims, frouljusemansipaasje, spirituele bewustwurding, demintens, de drugsmaffia op it plattelân en sels de Swarte Pyt-diskusje. It komt allegearre foarby.
Kin oer al dy ûnderwerpen dy't bêst gefoelich lizze dan ek lûdop lake wurde? Jawis en sûnder ûnderskied.
Frou-ûnfreonlik
Wol lykje de ûnderwerpen der no en dan der wol oan it hier bysleept om as kapstôk te tsjinjen foar in wiere tsûnamy oan grappen. Bytiden fernimstich en wier kostlik fûn, no en dan spitigernôch frij banaal en somtiden sels gewoan frou-ûnfreonlik.
De oergong is foar froulju mear in ûndergong, dêr't manlju mar mei opskeept wurde. En manlju, wês wach: de leafde makket blyn, mar it houlik iepenet de eagen.
De emoasjes binne op ien hân te tellen, mar de grappen komme yn salvo's oer je hinne. Dêrmei krijt de foarstelling wol wat it nivo fan in 'lach-of-ik-schietshow'. En dat is spitich.

Hawar, it premjêrepublyk like it allegearre kostlik te finen en joech Kooistra graach alle romte foar syn kreative 'gedachtenspinsels'.
In moaie fynst hoe't hy dan mei in knypeach nei de misdiesearjes op telefyzje de Albaneeske ûnderwrâld opdrave lit. Dat kin omdat Freek as ien fan jonges fan de freonegroep fereale wurdt op de dochter fan de maffiabaas Pappie.
As de groep dan twongen wurdt om mei de opset fan in restaurant drugsjild wyt te waskjen, is de ellinde al gau net mear te oersjen. It moat ommers earst op syn slimst, wol it better wurde.
Goedkeap
Aardich om te sjen hoe't de freonen har ynspirearje litte troch de telefyzjerige La Casa de Papel om jild byinoar te krijen, sadat de Albaneeske gangsters werombetelle wurde kinne. Mar om dan fan it Partisaneliet Bella Ciao in meisjonger te meitsjen yn de sfear fan 'er staat een paard op de gang', komt dan in bytsje goedkeap oer.

Aldergeloks kinne de prestaasjes op it poadium wer besjen lije. Jorwert bliuwt Jorwert. Benammen Mayte Veenstra oertsjûget as Dadzjana, de dochter fan de maffiabaas. It soe dochs moai wêze as bygelyks Tryater dit talint foar Fryslân behâlde kin.
Mar ek Skelte Anema fielt him dúdlik thús op it poadium yn syn rol fan de wjerstribbige boer. Wat dat oanbelanget ek kompliminten foar Sybrecht Speerstra as syn frou. Ek sy spilet mei ferve.
As ik my dan dochs ferliede lit ta it neamen fan nammen, kin ik net foarbygean oan âld-rôt yn it fak Arjen Toering. Hearlik om him as âld-skoalmaster wer dwaande te sjen. Al waard my dit kear 'nut en needsaak' fan syn rol yn it gehiel net echt dúdlik.
Rioel
As jo je mei de ûnderwrâld ynlitte, komt it yn alle gefallen net goed, dat mei dúdlik wêze. De ferlieding is grut, mar dêrnei komt de ellinde. Dan liket alles grau en donker. Want "yn it rioel swimme gjin wite swannen", wurdt troch de freonen opmurken. In prachtige byldspraak. En hoe wier.
Dochs hie ik dizze jûn graach wat mear fan dy wite swannen op it poadium sjoen. Dy't ús as taskôgers meinimme en yn ferfiering en bewûndering bringe kinne. Mei in bytsje mear djipgong. Dat barde no krekt te min.

Ta einbeslút dochs wer in glimk. De taskôgers krigen nammentlik by it stimbiljet foar de Gouden Gurbes allegearre ek wat Albaneeske bankbiljetten yn it hantsje.
Drugsjild fansels, dat as smarjild tsjinje moat om ús stimmen te keapjen. Ek wer hiel aardich fûn. Mar it wurket net, bin ik bang.