Resinsje Axomama: Kolderike komeedzje oer ierappelleed

Henk te Biesebeek beskôget Axomama © Omrop Fryslân
De foarstelling Axomama stiet as in hûs en kin besjen lije. Fraai fan alle siden. Mar de taskôger krijt hast gjin kâns om ek eefkes binnen te sjen, op syk nei ferdjipping en emoasje. Dêrtroch wurdt de foarstelling net mear as in romantyske komeedzje. Mar ek net minder!
By de entree yn de loads by Swarte Haan wurdt it publyk daliks konfrontearre mei in dekôr dat de sfear opropt fan Opera Spanga. Lâns in bouwurk fan ierappelkisten sjogge we troch de iepen doarren it swarte boulân lizzen. Widze foar it produkt dêr't it dit kear allegear om draait: de ierappel.
Yn it ramt fan de Bildtse Aardappelweken wurdt ûnder oare mei keunst en kultuer besocht de konsumint te ynformearjen wêr't syn iten weikomt. Neffens de programmaflyer moat dizze foarstelling dan ek in oanset wêze ta de diskusje oer de produksje fan dat fiedsel.
Tet Rozendal makket har rentree as goadinne; dat kin minder © Piet Douma
Inisjatyfnimmer Hein Jaap Hilarides hat him hjirfoar ynspirearje litten troch eleminten út de Inka-kultuer. In yndianefolk dat yn de 15e iuw yn Súd-Amearika libbe. Net allinnich leit dêr de oarsprong fan in part fan ús beskaving, minder bekend is it feit dat de Inka-boeren ek de earsten wiene dy't ierappels ferbouden.
Ien fan de goaden dy't de Inka's ferearen, wie Axomama, de goadinne dy't de ierappeltylt beskermje moast. En dy't sels sawol it foarkommen fan dit gewaaks as dat fan in minske oannimme koe.

Aktueel

Hilarides set dizze myte op in tûke wize oer nei hjoed-de-dei. As soan fan in ierappelboer ken hy syn pappenheimers en lûkt alle registers iepen: de stikstofproblematyk, it sâltich wurden fan de bougrûn, it útkeapjen fan de pykbelêsters, AI oftewol keunstmjittige yntelliginsje, ynternetleafde, miljeuproblematyk, de genetyske modifikaasje en manipulaasje, ja, sels de dyktrochbraak by Holwert. Alle aktuele tema's passearje de revu.

Grapke

Mar dêr bliuwt it dan ek by. Foardat it publyk him drok meitsje kin oer de oanstipte problematyk, wurdt alwer mei in grapke oerstapt nei in folgjend ûnderwerp. Bewust, sa hat Hilarides earder witte litten.
De skriuwer fan it stik hat de polityk yn dizze foarstelling mije wollen. Dat komt in oare kear wol wer. Jûn slaan humor, fleur en faasje foar master op.
De wittenskipper yn konflikt mei de boer: in repetysjesêne fan Axomama © Anne Waterlander
Hilarides is kreas yn dy opset slagge. En it publyk lit him graach by de hân nimme. En as de skowand fan de loads sletten is en de opsteapele ierappelkisten in Inka-timpel blykje te ferbyldzjen, hat it publyk syn earste opstekker te pakken.

Harsentrauma

De rentree fan Tet Rozendal op it poadium. Seis jier nei de fal op har achterholle, dy't har in harsentrauma besoarge. Wêrtroch't de ein drige oan har noch prille, mar suksesfolle toanielkarriêre. En no stiet se dêr dan wer. As de goadinne Axomama, it ferbinend elemint tusken alle sênes dy't folgje sille.
Fleurich en fol enerzjy ferhaalt se oer de boerefaam Amanda, dy't op syk is nei har grutte leafde. Hielendal no't har heit de pleats kwytrekke is. Se wurdt fereale op de gemysk biolooch dy't as feredeler besykje wol it ultime konsistinte ierappelras te kweken.
De wittenskipper hat lykwols allinnich each foar syn eigen idealen. Ta gelok fan de jonge boer Ralf dy't yn Amanda in sûne basis sjocht foar de takomst fan syn eigen bedriuw. En fansels krijt dit moderne mearke in happy ein. Mar dan moat der noch hiel wat wetter troch de see. De foarstelling sjit bytiden alle kanten op.

Talint

Hilarides hat neat oan it tafal oerlitten wollen, om dat ferhaal sa moai mooglik op de planken te krijen. Sa krige regisseur Theo Smedes de beskikking oer fjouwer poerbêste spilers.
Njonken Tet Rozendal as de goadinne Axomama sels sjogge we Theun Plantinga, krektlyn noch suksesfol yn de foarstelling Bijke, yn in hearlike komyske rol fan ierappelferedeler.
Jitze Grijpstra, dy't ôfrûne jier noch de stjerren fan de himel spile yn Schindlers List, oertsjûget op 'e nij as de jonge boer Ralf en toanieldosint Lysbeth Welling ta einbeslút toant it publyk har leafde foar it aktearjen op toaniel: spontaan en naturel.
De regy is yn hannen fan Theo Smedes © Anne Waterlander
Mar net allinnich de spilers blinke út troch har talint. Ek foar alle omballingen, grime en muzyk waarden faklju oanlutsen. Spitich dan wer dat de muzyk út in doaske komt en net live spile wurdt. Profesjoneel en perfekt fansels, mar dêrtroch ek in bytsje glêd en mei krekt wat minder waarmte. Alle akteurs sjonge dan wer as klysters. Dat ha'k spitigernôch de lêste tiid wol oars meimakke.

Transformaasje

Prachtich ek om te sjen hoe't Theun Plantinga as de biotechnolooch troch tadwaan fan de goadinne stadichoan sels feroaret yn in ierappel. Regisseur Theo Smedes hat him hjirby grif ynspirearje litten troch de film 'The Fly', wêryn't akteur Jeff Goldblum stadichoan transformearret ta in ynsekt.
It begjint by de wittenskipper yn dizze foarstelling mei spruten op syn skouder. It grimewurk fan nimmen minder as Arjen van der Grijn, bekend fan Jiskefet en Koot en Bie, docht de rest: syn hier falt út en hy krijt ierappelpok op syn ronfelige plasse.
Theun Plantinga as wittenskipper Victor © Anne Waterlander
Yntusken hat it publyk genôch oneliners meikrigen dy't je wol oan it tinken sette moatte. Oer de tapassing fan gentech om de produksje fan de ierappel te ferbetterjen. En ek de boer wit hoe't hy syn produkten it bêste ferkocht krijt. Net mei garânsjestickers oer biologyske kwaliteit, "it is de priis dy bepaalt".
En wat te tinken fan de útspraak fan dochter Amanda as har heit útkocht wurdt en nea wer boer wêze kin? Se neamt dat planút in 'berufsverbot'. Dat klinkt dochs dúdlik as krityk op it regear.
Mar foardat de taskôger ek mar de kâns krijt om oer de oansniene tematyk nei te tinken, wurdt dy sêne alwer bagatellisearre troch in gutige parody op it tv-programma 'Boer zoekt Vrouw'. Alles kin wer fuortlake wurde.

Diskusje

Sa'k sei: neffens de programmaflyer wol it teäterstik in bydrage leverje oan de maatskiplike diskusje oer de produksje fan ús iten. Krekt no liket de tiid der ek ryp foar. Mar dêrfoar hat Hilarides dit kear syn pylken tefolle op de humor rjochte.
In foarstelling mei mear djipgong en emoasje dy't politike diskusjes losmeitsje kin, hâlde we dus noch te goede. Hilarides hat dat sels tasein...