Resinsje Circus Pandarello: de magy fan ferbylding

Iepenloftspul Suwâld leveret mei Circus Pandarello in wier huzarestikje. Hjir en dêr wat rimpen en in bytsje knoffelich, mar hieltyd mei folle ynset, leafde en oertsjûging. Dat werkent it publyk, dat mei dizze foarstelling in hearlike jûn belibbet.
It begjint al hiel aardich. Noch foardat de foarstelling úteinset, krijt it publyk al in priuwke fan dy typyske sfear fan it sirkus. It tsjuster ljochtet op as fjoerspuiers har flammen oer de minsken hinne fleane litte, wiersisters besykje sieleroersels te trochgrûnjen en sels in toutsjelûkerij is oanwêzich.
Tuskentroch litte jonglearjende bern sjen dat se om de drommel noch wat oars kinne as op in skermke wat spultsjes dwaan. In sprekstalmaster, yn unifoarm en mei hege hoed, makket it byld kompleet. Want it sirkus bringt krekt dat bytsje magy dat we yn de grouwens fan it bestean wol brûke kinne. It doek kin iepen.

Wat daliks opfalt as de minsken de sirkusarena binnenkomme, is it byld fan in ferlitten sirkus. Rûnom de pyste stean de âlde wenweinen fan de artysten. De ien noch moaier as de oar. Prachtich beskildere en ryk foarsjoen fan ferskate details.
Oan ien wein hinget sels in brûs. Hilariteit as dy letter yn de foarstelling ek noch blykt te wurkjen. Marysia Jaworski en har bouploech ha wat dat oanbelanget kreas wurk levere.
Ambysje
Dat jildt oars foar de hiele organisaasje achter toanielselskip Kom mar Op. Gean der mar oanstean. De foarstelling sil nammentlik net allinnich yn Suwâld te sjen wêze, mar ek noch yn Wyns en Bakkefean.
De hiele karavaan reizget in dei earder al nei de ferskate plakken, om de doarpelingen entûsjast te meitsjen oer wat der allegear barre sil. De ambysjes binne dus heech, de ferwachtings by it publyk dêrtroch ek.

Hans Brans, ea as dramaturch ferbûn oan Keunstwurk, oppenearret him nei syn pensjoen hieltyd mear as toanielskriuwer. Koartlyn hie der bygelyks noch sukses mei in toanielstik foar Inez Timmer en Tseard Nauta oer de kaprioalen yn in Italiaansk famyljerestaurant.
Mar ek foar Suwâld hat hy earder yn it spier west. Foar de foarstelling Oera Linde koe it toanielselskip yn 2019 mar leafst twa Gouden Gurbes ophelje.
Wylde bisten
Yn 'In pakje foar signor Pandarello' lit Brans de teloargong sjen fan it ea suksesfolle sirkus Pandarello. Op de râne fan in fallisemint is de sirkusdirekteur yntusken útnaaid. De artysten binne efterbleaun, mar lykje de útsjochleasheid fan har needlot net te akseptearjen.
Har sirkus is lykwols net mear fan dizze tiid. Sa is de dompteur har liuwen en tigers al kwytrekke, omdat de maatskippij net langer akseptearret dat wylde bisten opsletten wurde yn in koai.
En ek de hynstedresseur hat syn bisten nei de bernebuorkerij bringe moatten. It pear dat ea as trapezeduo gouden tiden belibbe, kin no har acht bern mar krekt te iten jaan.
Magy
De iennige dy't ûnfersteurber trochgiet en syn dream net ôfpakke lit, is de koarddûnser. Wat in prachtige rol oars fan Ale Postmus. Hy hie sa meidwaan kind yn in teäterproduksje fan Orkater. Komysk en oandwaanlik tagelyk. Knap hoe't hy mei in parasoltsje it publyk leauwe litte kin dat hy wier oer in koard dûnset. De magy fan de ferbylding.

Mar der binne mear yn dit ensemble fan leafst twintich man, dy't krekt wat boppe de oaren útspringe. Marleen de Boer bygelyks, dy't de pakjes besoarget oan de sirkusklanten mei al dy rare foarwerpen en riedseleftige briefkes.
Emely Evers is sprankeljend as de âldste dochter fan de de trapezewurkers. Dan moat Jelle Terwal ek neamd wurde as de hynstedresseur Herr Elfenbein. Moai hoe't hy gestalte jout oan de tradisjonele kweade genius, dy't kânsen sjocht om krekt better wurden fan it fallite sirkus.
Dan is it wer spitich dat Terwal der net hielendal yn slagget om ús te oertsjûgjen fan syn Dútske roots. Hy bliuwt dan dochs in Fries dy't Dútsk besiket te praten yn stee fan de oarspronklik Dútser dy't him yn it Frysk fersteanber meitsje wol.
Oansteklik
Hawar, it docht oan de wille fan de spilers fierders gjin ôfbrek. Mei troch it oansteklike spul fan de jongerein, spontaan en naturel, bliuwt de faart deryn.
Knap ek hoe't sy tuskentroch ek noch akrobatyske keunsten fertoane. Knap wurk dus fan regisseur Grytha Visser en Grietine Molenbuur, dy't foar de goreografy tekene.

Nettsjinsteande alle kwaliteiten fan de âldere garde, wurdt it publyk dúdlik dat it sirkus fan doetiids yn al syn hear en fear net langer oerein te hâlden is. "De wrâld draait troch, mar hjir falt it doek."
Yn syn slotpleit lûkt Brans dan in soad registers iepen. Faaks brûkt hy dêrfoar krekt wat te folle wurden en butelje de ferskate statements op it lêst oermekoar hinne.
Al mei al duorret dat te lang, it boadskip is dúdlik: libje dyn dreamen nei en lit je net tsjinhâlde troch tsjinslach. En de âlderein kin mei al har ûnderfining de jongerein stimulearje op dat ûnwisse paad. De takomst leit foar ús.

Suwâld hat al jierrenlang in suksesfolle jongereinôfdieling. Har sirkus mei dan fallyt wêze, sjoen de fraaie prestaasjes dizze jûn komt de takomst fan Kom mar Op lokkich net yn gefaar.
Mei alle respekt foar de ambysjes dit kear, in folgjende kear graach dochs wer de fokus op de eigen lokaasje. Want yn Suwâld sille noch moaie dingen barre, dat is wis!