Omrop Fryslân

Van Wonderen hat mear te kiezen: Wålemark kin debutearje tsjin Excelsior

Patrik Wålemark
© sc Heerenveen
Patrik Wålemark kin sneon syn debút meitsje foar sc Hearrenfean. De Sweed sit tsjin Excelsior foar it earst by de wedstriidseleksje, sûnt er goed trije wiken lyn oerkaam fan Feyenoord.
Yn Rotterdam hat de oanfaller ek in skoft net spile, om't er yn febrewaris fan dit jier blessearre rekke. Hy soe dus foar it earst sûnt sân moannen wer spylje kinne, ferklapt Van Wonderen. "Hij heeft de laatste week alles gedaan op trainen, maar hij is nog niet compleet wedstrijdfit."
Doe't de trainer Wålemark dizze wike fertelde dat er by de seleksje sitte soe, seach Van Wonderen in glimk op it gesicht fan de oanfaller. "Het is een begin voor hem en voor ons. Het is ook wel een prettig gevoel als je er zeven maanden uit hebt gelegen om in een wedstrijdselectie te zitten."
Der is mear goed nijs foar sc Hearrenfean. Trainer Kees van Wonderen hat sneon de beskikking oer Pawel Bochniewicz en Thom Haye. It twatal ûntbruts ferline wike yn de wedstriid tsjin Feyenoord.
Trainer Kees van Wonderen oer de spilers dy't weromkomme
Bochniewicz rekke ferline wike blessearre op it trainingsfjild, mar kin spylje tsjin Excelsior. "Pawel is nog niet helemaal daar waar hij wil zijn, maar hij zit wel in de selectie en is klaar om een gedeelte te kunnen spelen", fertelt Van Wonderen.
Haye wie de ôfrûne twa wedstriden skorst troch syn reade kaart yn de thúswedstriid tsjin Sparta Rotterdam en keart ek werom tsjin Excelsior. Dat jildt net foar Charlie Webster, dy't noch wol skorst is.
Andries Noppert sit by de foarseleksje fan Oranje. Bûnscoach Ronald Koeman makke freed dy foarseleksje bekend foar de EK-kwalifikaasjewedstriden tsjin Frankryk en Grikelân. De oare keepers binne Bart Verbruggen, Mark Flekken en Nick Olij. Fan it fjouwertal falt der nei alle gedachten noch ien ôf.
It is net sa dat de nederlaach (6-1) tsjin Feyenoord dizze wike grutte spoaren neilitten hat, seit Van Wonderen. "Het etterde niet na, maar we hebben het wel gebruikt richting de toekomst. We zijn op dit moment nog niet zo ver om dicht in de buurt te komen bij de top van Nederland."
Oanfierder Sven van Beek sei ferline wike nei it drama yn Rotterdam dat Hearrenfean mear 'teringlijers' nedich hat.
Van Wonderen dielt dy miening net hielendal. "Ze zijn er wel, ook in deze groep. Al hadden we twintig 'teringlijers' gehad, dan was je nog tekort gekomen tegen Feyenoord."
Kees van Wonderen oer de lessen fan it 'pak rammel' yn Rotterdam
Der wie tongersdei in nij gesicht op it trainingsfjild by sc Hearrenfean te sjen. It gie net om in spiler, mar om in trainer. Ald-spits Niklas Tarvajärvi stipet de technyske stêf fan de Feansters de kommende tiid. It is de bedoeling dat hy ien kear yn de wike op it trainingsfjild stiet.

Tarvajärvi by stêf

Neffens Van Wonderen kaam it fersyk by Tarvajärvi sels wei. De trainer is wiis mei de bydrage fan de Fin, om't hy as gjin oar wit wat Hearrenfean foar klup is. Boppedat tinkt Van Wonderen dat Tarvajärvi út syn eigen ûnderfiningen wei de Skandinaviërs by de klup op wei helpe kin.
De wedstriid tusken sc Hearrenfean en Excelsior begjint sneontejûn om 21.00 oere. It duel is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio. Dat begjint om 20.45 oere en it kommentaar út it Abe Lenstra Stadion wei wurdt fersoarge troch sportferslachjouwer Andor Faber.
Tsjinstanner Excelsior hat lykas Hearrenfean seis punten út de earste fiif wedstriden helle. Dêr't de Feansters dy hellen troch twa kear te winnen, diene de Rotterdammers dat mei ien oerwinning en trije lykspullen.
En dus liket Excelsior in stiif team te wêzen, sjocht ek Van Wonderen: "Zij zijn een goed georganiseerde ploeg. De resultaten geven aan dat ze moeilijk te bestrijden zijn."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.