Sportklup Hearrenfean folslein fuortspile troch regearjend lânskampioen Feyenoord: 6-1

Sportklup Hearrenfean is sneon yn De Kuip yn Rotterdam fernedere troch regearjend lânskampioen Feyenoord. It duel einige yn 6-1. Nei 20 minuten stie it al 3-0.
It iennige goede nijs foar Hearrenfean wie miskien wol dat Sven van Beek nei moannen blessuereleed werom wie yn de wedstriidseleksje, Hy mocht ek fuort yn de basis begjinne om't Pawel Bochniewicz by de training fan freed blessearre rekke wie.
Fierder makke Denzel Hall syn basisdebút, Hussein Ali siet op de bank. Osame Sahraoui kearde werom yn it basisalvetal. Hy ferfong de skorste Charlie Webster.
Opstelling sc Hearrenfean: Noppert; Hall, Van Beek, Van Ottele, Köhlert; Tahiri, Olsson, Brouwers; Nunnely, Nicolaescu en Sahraoui
Nei njoggen minuten krige Hearrenfean noch wol de earste kâns fan de wedstriid. Feyenoorddoelman Timon Wellenreuther ferwurke in skot fan Sahraoui net goed, wêrtroch't de rebound foar de fuotten fan Simon Olsson kaam. Syn skot gie deun oer.
Feyenoord al fluch op 2-0
De earste kâns foar Feyenoord wie fuort raak. Luka Ivanusec krige de bal oan de linkerkant fan it fjild, dribbele nei binnen ta en helle doeltreffend út. Trije Hearrenfeanferdigeners stienen derby en seagen dernei.
It wie it begjin fan in hiele drege wedstriid foar de Friezen. Nei 16 minuten lei de twadde Feyenoordtreffer der ek al yn. Nei in flitsende kombinaasje mei Igor Paixão en Santiago Giménez kaam Mats Wieffer allinnich foar doelman Andries Noppert. De middenfjilder makke gjin flater: 2-0.

Feyenoord naam gjin gas werom en kaam binnen 20 minuten op 3-0. Paixão krige de bal op de râne fan it strafskopgebiet en skeat bûten berik fan Noppert raak.
De doelpunten foelen maklik, want Hearrenfean die yn minút 25 wat werom. Dêr't hy earder yn de wedstriid noch miste, skeat Olsson no wol raak: 3-1. Dêr gie in kreaze dribbel oan foarôf
'Mar' 3-1 by skoft
Fan in omkear wie lykwols gjin sprake, want Feyenoord bleau in stik better. De Rotterdammers lieten yn it twadde part fan de earste helte lykwols sjen ek wolris misse te kinnen. Sa krige Giménez de bal der bygelyks oant twa kear ta net yn. Sa stie it by it skoft 'mar' 3-1 en dat wie op basis fan de krêftsferhâldingen wat meager.

Nei it skoft wie de earste mooglikheid ek foar Giménez. De Meksikaan stie nei in goed rinaksje hielendal frij yn it strafskopgebiet, mar kopte tsjin de latte.
Ek Quinten Timber hie it fizier net op skerp stean. Hy krige de bal nei in goede aksje fan Calvin Stengs en skeat suver foar iepen goal njonken.
Fernedering kompleet
Nei in oere foel de 4-1 dan dochs. Nei in foarset fan Quilindschy Hartman tikke Giménez de bal yn de goal. Dêrmei wie Feyenoord noch net sêd: seis minuten letter gie Paixão maklik Mats Köhlert foarby. Yankub Minteh promovearre syn foarset op fraaie wize ta in doelpunt: 5-1.
De malêze hold mar oan foar Hearrenfean. Yn de 72ste minút makke Ondrej Lingr de 6-1 foar Feyenoord. Hy ferrifele Noppert yn de koarte hoek nei in passke fan Minteh. It wie it lêste doelpunt fan de wedstriid.
Yn de earedivyzjeskiednis hie Hearrenfean twa kear mei 6-0 ferlern (tsjin NAC Breda yn 1993 en tsjin FC Twente yn 2008). De grutste nederlaach ea bleau de Friezen dus krekt besparre, mar der sil nimmen by Hearrenfean wêze dy't dêr om laitsje kin.