Sportklup Hearrenfean hat ferlet fan 'teringlijers': "Het ligt aan de instelling"

Sven van Beek © ANP
Nei it kânsleaze ferlies tsjin Feyenoord (6-1) is ferdigener Sven van Beek dúdlik: "Het was ondermaats vandaag." Neffens him hat sc Hearrenfean mear 'teringlijers', sa't er it sels neamt, nedich, spilers dy't sjen litte dat der neat te heljen falt.
"Ikzelf ben de enige die dat heeft. Sommige jongens moeten gewoon eens een harde tackle inzetten of een gele kaart pakken", stelt hy. "Je moet iets meer dat 'godverdomme' in je hebben."
Sven van Beek oer wêr't it oan ûntbrekt by sc Hearrenfean
"Niemand doet dit expres, maar uiteindelijk is het wel instelling", stelt de ferdigener. "Als je ziet hoe sommige jongens op het veld stonden, moeten we onszelf afvragen wat we hier überhaupt deden."

Boarterstún

Doelman Andries Noppert fûn it pynlik hoe't Hearrenfean him sneon presintearre. "Yn de earste tweintich minuten wie it ien grutte boarterstún foar Feyenoord, sa wolle je de wedstriid net begjinne. Dan makkest it foar dysels al hiel dreech."
Neffens Noppert hat Hearrenfean noch in lange wei te gean. "We sitte yn in proses en wienen noch lang net kompleet, mar je moatte ek gjin ekskuzen sykje: hjoed wie net goed genôch. Sy wienen de grutte jonges en wy de jonkjes."
Andries Noppert belibbe in pynlike jûn
Noppert fynt dat Hearrenfean mear lieders nedich hat, spilers dy't it alvetal by de hân nimme. "We binne te min mei elkoar dwaande. We moatte better mei elkoar omgean, sadat we mear in team wurde en taken as in alvetal dwaan geane."
"As wy kontinu mei elkoar dwaande binne, dan geane je foar elkoar drave", tinkt Noppert. "Yn myn optyk dogge we dat te min. Ik sjoch berêsting. Dan litte we ús kopke hingje: it is wat it is."

"Het niveauverschil is te groot"

Trainer Kees van Wonderen wiist benammen op it nivoferskil tusken Feyenoord en sc Hearrenfean. "Je kunt niet verwachten dat wij een en Champions League-deelnemer, met een heel goed niveau de laatste weken, eventjes gaan levelen. Het verschil is daarvoor veel te groot."
De trainer hopet benammen dat syn ploech fan de wedstriid leart. "Dat iedereen de wedstrijd terugkijkt en nadenkt: waar zit het hem voor mij in om hier winst uit te halen? Wat kan ik hiervan leren om naar het niveau te gaan waar ik naartoe wil?"
Kees van Wonderen fûn Feyenoord ienfâldichwei folle better
Ferline seizoen pakte Hearrenfean noch in punt yn De Kuip, doe mei fiif spilers yn de ferdigening. Hie Hearrenfean net better mei sa'n opstelling spylje kind? "Nee, dan had je misschien geslotener gespeeld, maar dat is niet de weg die we op willen. Wat is de winst om eenmalig te switchen naar 5-3-2? Dan hadden we ook geen resultaat gehaald. Het niveauverschil was te groot."

Van Beek dochs in bytsje bliid

6-1 ferlieze, mar úteinlik wie ien man dochs in bytsje bliid: Sven van Beek. Hy spile foar it earst wer mei yn in earedivyzjewedstriid nei't er moannen oan de kant stie nei in blessuere oan de haksine.
"Ik heb een lang traject door moeten lopen. Dan kijk ik naar de positieve dingen en dat is dat ik vandaag weer op het veld stond. Natuurlijk zie je het liever anders en ben ik zeker niet te spreken hoe wij onszelf hebben laten zien, maar op dit moment kijk ik naar mezelf en ben ik blij dat ik er weer stond."
Van Beek waard yn it skoft wiksele. Hy hie miskien noch wol efkes langer troch kind, mar: "Dit keer was het een goed moment om voor mezelf te kiezen. Liever op een goed moment eraf stappen en er volgende week weer staan."