Cambuurspiler Michael Breij: "Tuurlijk kunnen we met deze ploeg kampioen worden"

SC Cambuur kin kampioen wurde fan de earste divyzje. Dat tinkt middenfjilder Michael Breij. Al moat de ploech dan wol folwoeksenheid toane as it yn in mindere faze sit, sa seit Breij yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
De Ljouwerters binne goed úteinset oan it seizoen. Yn de earste seis wedstriden waarden der trettjin punten helle en dêrmei stiet de klup op it tredde plak. Breij skoarde trije kear en joech trije assists.
Op de fraach oft Cambuur kampioen wurde kin, is de oanfallende middenfjilder dúdlik: "Tuurlijk, met deze ploeg kunnen we kampioen worden. We hebben enorm veel energie en veel jonge gasten."
Mar, tsjinslaggen hat Cambuur noch kwalik hân. En dus is Breij noch wol foarsichtich: "Er gaan alleen ook periodes komen dat je wat minder speelt en je punten moet schrapen. Dan moeten we kijken of we volwassen genoeg zijn om de punten binnen te slepen."
Hearrenfean ferlear sneon kânsleas fan Feijenoord (6-1), mar neffens Roelof de Vries leit trainer Kees van Wonderen net ûnder fjoer. "Mar as se nije wike fan Excelsior ferlieze, kin alles wer oars wêze", sa seit De Vries.
"Ik fyn Van Wonderen in goeie trainer, mar it iennige dat ik my ôffreegje: freget hy net tefolle fan syn spilers? Krijt hy se noch wol mei? It is belangryk dat spilers foar in trainer troch it fjoer geane. Dêr twivelje ik wolris oan."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.