Ald-fuotballer Geert Jelle de Vries: "Van Wonderen hellet de krystdagen, mar..."

Trainer Kees van Wonderen moat ferdigenjender spylje mei sc Hearrenfean. Dat fynt âld-fuotballer Geert Jelle de Vries yn de Sportcast.
De Feansters kamen dit wykein net yn aksje fanwege ynterlannen, mar De Vries sjocht dat der de ôfrûne wiken wol wat oan de hân is. "Ik sjoch in hoop segryn yn de ploech en oan de kant. Ik tink dat Kees van Wonderen net leaut yn it systeem dêr't er mei fuotbalje moat."
Hearrenfean spile foarich seizoen oan it begjin yn it 5-3-2-systeem, mar dêrnei feroare Van Wonderen it nei 4-3-3. Neffens De Vries moatte se werom nei fiif ferdigeners. "Se binne hiel kwetsber. Ik sjoch wol dat Van Wonderen weromfalt yn in mear ferdigenjende spulstyl."
De âld-fuotballer fan Hearrenfean en Cambuur tinkt dat dat mear sukses opsmyt. "Ik tink dat de kâns wol grutter is op in soad punten, mar dat de wedstriden saai wurde. Mar it wurdt net akseptearre troch de media, want Hearrenfean moat attraktyf fuotbalje."
Moandei binne twa Fryske fuotbaltrainers weromkaam op Schiphol fan in bysûndere trip. Jan Sierksma spile as coach fan Jong AZ de finale fan de Intercontinental Cup, sis mar de wrâldbeker foar jeugdteams, tsjin Boca Juniors yn Argentinië.
Sipke Hulshoff is assistint-bûnscoach en is krekt werom út Dublin, dêr't it Nederlânsk alvetal snein mei 2-1 wûn fan Ierlân. Dêrfoar hie Oranje ek Grikelân al ferslein (3-0). Hulshoff: "We ha in fantastyske wike hân mei twa moaie oerwinnings. Dat jout de boarger wer in hiel soad moed."
De Twizeler is ek assistint-trainer by Feyenoord en yn dy hoedanichheid riedt er him ta op de wedstriid fan kommend wykein tsjin sc Hearrenfean. Hulshoff fersoarget de analyze fan de Feansters. Sportferslachjouwer Arjen de Boer wit it wol: "Ik soe dûbele dekking op Osame Sahraoui sette."
Hulshoff: "It is in goeie spiler. Hy siket syn romten op it fjild. Wy sille dizze wike in plan meitsje moatte om seker him ek te bestriden."
It hiele stadion gie tekear.
Sierksma, en AZ ûnder de 20 jier, ferlear de finale fan de wrâldbeker nei strafskoppen fan Boca Juniors. "Op dit momint is it noch frij farsk en fiele we de teloarstelling noch wol. Tagelyk beseffe we ek wol dat we wat hiel moais delset ha", seit de Burdaarder.
Mei 'wat hiel moais' doelt er op it winnen fan de Youth League, de Champions League foar jeugdteams. Dêrtroch mocht AZ nei Buenos Aires om it op te nimmen tsjin Boca Juniors ûnder de 20. De wedstriid waard spile yn it ikoanyske stadion La Bombonera.
Dêr sieten leafst 37.000 Argentijnen op 'e tribune. "It wie in hiel bysûndere ûnderfining. Myn assistint Ron Vlaar hat WK's en Premier League spile en sei: ik ha dit noch noait sa meimakke, sa ûngelooflik folle lawaai. It hiele stadion gie tekear."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.